Neva

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Neva
Neva yn St.Petersburch
Aleksander Nevsky-monumint yn Ust-Izhora op it ûnderstelde plak fan de slach.

De Neva (Russysk: Нева) is in rivier yn Ruslân. De rivier is 74 km lang en 200 ant 1200 meter breed. Hy streamt fan it Ladogamar nei de Eastsee (Finske Golf). De Neva is part fan de Wolga-Baltyske wetterwei tusken de Eastsee, de Kaspyske See en de Wite See. Fan desimber oant april is de rivier befêrzen en net te befarren.

Nettsjinsteande har beskieden lingte, is de Neva dochs de treds grutste rivier fan Jeropa wat de grutte fan de wetterlossing oanbelanget. Allinnich de Wolga en de Donau streamt mear wetter troch. Oan de mûning fan de Neva leit de wichtige stêd Sint-Petersburch, eartiids de stêd fan de tsaren.

Yn de Neva-delta lizze in protte eilântsjes dy't sawol troch natuerlike rivierearmen as as kanalen foarme binne. In diel fan it histoaryske Sint-Petersburch leit op guon fan dy eilannen.

It museum De Hermitage yn Amsterdam hat har kafee-restaurant nei dizze rivier neamd, omdat se de libbensier fan Sint-Petersburch wie.

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de Midsieuwen wie de brede en goed befarbere rivier tige wichtich as ferbining tusken de Baltyske See en de havens oan de Wolga, dêr't hannele waard mei it Easten. Op it plak dêr't de Neva en Izhora gearkomme wie de ferneamde, mar min beskreaune, Slach fan de Neva (1240) tusken de Sweden en de Russen. Aleksander Jaroslavitsj, Prins fan Novgorod, wûn dizze ûnderstelde slach, en hold der de titel Nevsky (wat "Fan de Neva" betsjut) oan oer.

Yn de 16e ieu lei it Sweedske fort Nyen oan de mûning fan de Neva, en der wie in Russysk fort 'Oresjek' op it plak dêr't de Neva yn it Ladogamar útkomt. It Nyen fort waard ferneatige troch Peter de Grutte, nei't er dêr it Peter en Paul Fort yn 1703 stifte hie op it Hazze-eilân. It fort wurdt beskôge as it earste gebou fan it tsjintwurdige Sint Petersburch. Tsaar Peter joech ek de oanset ta it dollen fan it Ladogakanaal dy't de Neva mei de Volkhov en de Svir ferbynt.

De Neva yn Sint Petersburch, 1753.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl: Neva
  • Wikipedia en: Neva River
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen