Kaspyske See

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaspyske See
KaspischeZeeLocatie.png
Lokaasje Ruslân, Turkmenistan
See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 371.000 km²
Djipte (maks.) 1.025 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte m
Breedte 435 km
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte {{{breedtemax}}}
Lingte 1,030 km
Oer
{{{oer}}}
Kaspyske see út de romte wei sjoen

De Kaspyske See is see mei in gebiet fan 371.000 km² op de grins fan Jeropa en Aazje dy't gjin ferbining mei de wrâldseeën hat.

De see wurdt omslet troch

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It oerflak fan de Kaspyske See leit sa'n 28 meter ûnder seenivo, en ek it grutste part fan it kustgebiet leit ûnder seenivo. De see hat trije bekkens. It súdlik bekken is it djipst. Troch de fuortsetting fan de Kaukasus is dat ôfskieden fan it noardlik bekken, dat ûndjipper is, yn it noarden mar in pear meter. Eastlik leit de hast folslein ôfsletten Kara-Bogasbocht.

Wetter[bewurkje seksje | edit source]

De grutste rivieren dy't yn de Kaspyske See útkomme binne de Emba, de Koera, de Oeral, de Terek en de Wolga. De wichtichste dêrfan is de Wolga, dy't 75% fan de tastream foarmet. Om't de Kaspyske See gjin ferbining mei oare seeën hat is der in direkt ferbân tusken it wetterpeil en it ferskil tusken wetteroanfier en ferdamping. Yn de rin fan de skiednis is de grutte fan de see dêrom nochalris feroare. Troch droechte en troch gebrûk fan it Wolgawetter sette om 1930 hinne en perioade fan krimp yn, wêrby de Kaspyske See oant likernôch 1990 mear as 10% gebiet ferlear; mar sûnt waakst de see wer in bytsje.