Wolga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamgebiet fan de Wolga

De Wolga (Russysk: Волга) is in rivier yn West-Ruslân, it is de langste rivier fan Jeropa, mei in langte fan 3530 kilometer. Foardat de Wolga kanalisearre en yndamme waard wie rivier 3690 meter lang. Yn de âldheid hite de rivier Rha. Turkske folken brûke de namme Idel. De rivier ûntstiet op de Waldajhichte, 225 meter boppe seenivo. De rivier streamt by de neikommende stêden del Tver, Rybinsk, Jaroslavl, Nizjni Novgorod, Kazan, Oeljanovsk, Samara, Saratov, Wolgograd en Astrachan. Oan 'e ein streamt de Wolga troch de mânske Wolgadelta, en einiget yn de de Kaspyske See. De rivier wurdt opkeard troch acht keardammen, dêrtroch binne der acht marren ûntstien. De âldste keardaam is by Ivankovo en waard yn 1937 oplevere. De grutste daam is dy fan Samara (1957): de byhearrende opslachmar omfiemet it lêste part fan de Kama, dat is de grutste sydrivier fan de Wolga. Neist de Kama binne de Oka en de Vetloega wichtige sydrivieren. Troch in stik as wat kanalen is de Wolga ferbûn mei de Eastsee, de Wite See en de Swarte See. De Wolga hat altyd in belangryk farwetter west yn Ruslân, sawol foar de hannel as foar folksferhuzings.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Wolga – foto, fideo en harktriemmen