Kama (rivier)

Ut Wikipedy
De streamkrite fan de Wolga mei û.o de Kama
De Kama by Perm
De Kama yn Jelabuga

De Kama (Russysk: Кама, Tataarsk: Çulman) is in grutte rivier yn Jeropeesk Ruslân en de langste sydrivier fan de Wolga.

De rivier ûntspringt yn it sintrale part fan de Boppe-Kama Hichte by it doarp Koeligy yn it noardeasten fan Oedmoertsje en streamt dêrwei sa'n 200 kilometer nei it noarden troch de oblast Kirov nei Lojno, en sa ûngefear 200 kilometer nei it easten foardat er ôfbûgt nei it suden ûnder Bondjoeg yn kraj Perm. Sa'n 70 kilometer súdliker rint de Visjera de rivier yn justjes súdliker lizze de stêden Solikamsk en Berezniki oan de linkerigge, op it plak dêr't de rivier útstreamt yn de langhalige, oant 20 meter djippe, Kama-opslachmar (1.915 km²), dy't ûnstiet troch de keardaam by Perm. Perm is mei goed in miljoen ynwenners fierwei de grutste stêd oan de Kama en is it betsjoerssintrum fan de kraj Perm. Nei Perm giet de rivier stadichoan oer yn de Votkinopslachmar, dêr't it stedsje Osa oan leit en de keardaam fan by de stêd Tsjajkovski leit, sa'n 330 kilometer besúdwesten Perm.

De rivier streamt fierder nei it suden nei Tatarstan, dêr't er oergiet yn de Beneden-Kamaopslachmar. In stikje fierder nei it westen folget de Opslachmar fan Samara, dy't útmûnet yn de Wolga. De rivier is in drokke hannelsrûte. De rivier is befarber fan it plak Kertsjevski (966 km) ôf en by heechwetter noch 600 kilometer fierder streamop. De rivier wurdt geregeldwei baggere.

De rivier wurdt fral fuorre fan snie en yn 't twadde plak troch rein en grûnwetter. 62,5% fan de jierlikske wetterôffier falt yn de maitiid (maart oant juny), 28,3% yn de simmer en hjerst en 9,1% yn 'e winter. It debyt is trochsneed 1630 m³/sek by de wetterkrêftsintrale Kamskaja, 1730 m³/sek by de wetterkrêftsintrale Votkinskaja, sa'n 3500 m³/sek by de mûning, dêr dy op syn meast 27.500 m³/sek bedraagt. Ier yn novimber begjint de bopperin fan de rivier te befriezen en ein novimber de ûnderrin; de rivier leit dêrnei fiif moanne ticht.

Sydrivieren en opslachmarren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It streamgebiet fan de Kama hat leafst 73.718 rivieren; de measten (94,5%) binne ûnder 10 kilometer lang. De langste sydrivieren oan de linkerside binne de Joezjnaja Keltma, Visjera, Sylva, Tsjoesovaja, Belaja, Ik en Zaj en oan de rjochterkant de Kosa, Obva en Vjatka.

De opslachmarren yn de Kama binne part fan de Wolga-Kama-kaskade, it binne:

Stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de rivier lizze fan de boarne ôf oan de stêden Solikamsk, Berezniki, Dobrjanka, Perm, Krasnokamsk, Ochansk, Osa, Tsjaikovski, Sarapoel, Kambarka, Menzelinsk, Naberezjnye Tsjelny, Jelaboega en Tsjistopol.