Oezbeken

Ut Wikipedy
Man út Midden-Oezbekistan

De Oezbeken binne in Turksk folk yn Sintraal-Aazje. It meastepart fan de Oezbeken (om-ende-by 21 miljoen) wennet yn Oezbekistan. Dêrnjonken binne der grutte Oezbekyske minderheden yn Afganistan (3 miljoen), Tadzjikistan (1 miljoen), Kirgyzje (700.000), Turkmenistan, (450.000) Kazachstan (370.000) en Ruslân (120.000). Oezbeken sprekke Oezbeeksk en hawwe meastepart it islamityske Soennisme as religy.

Harren oarspronklike thúslân lei nei alle gedachten yn it súdeasten fan Mongoalje; harren namme is ôflaat fan in machtige Mongoalske lieder út de 14e iuw. Der wurdt ûnderskied makke tusken de "wiere" Oezbeken en de neisieten fan de tenearsten Persysk, letter Turkssprekkende, oarspronklike bewenners fan Oezbekistan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Oezbeken binne neamd nei Oezbek (1313-1340), in khan fan de Gouden Horde dy't ûnder Aboe-al Shair in nomaderyk foarme eastlik fan de Kaspyske See. Begjin 15e iuw waard dat ryk ferneatige troch de Oiraten en de Gouden Horde, mar werlibbe ûnder Sjaibany (1451-1510) dy't him rjochte op de ferovering fan Transoksaanje. De stammen dy't efterbleaunen foarmen it folk fan de Kazachen.

De opfolgers fan Sjaibany stiften de kanaten fan Boechara, Shiwa en fan Kokand. Oan de ein fan de 19e iuw waarden de kanaten troch de Russen ûnderwurpen, yn 1922 opheft en dêrnei foar it grutste part feriene mei de Sowjetrepublyk Oezbekistan. Nei útinoar fallen fan de Sowjetuny yn 1991 waard de republyk in ûnôfhinklike steat. Fan de befolking is 80% Oezbeek.