Kirgyzje

Ut Wikipedy
Кыргыз Республикасы
Flagge fan Kirgyzje Wapen fan Kirgyzje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kirgyzje
Offisjele taal Kirgizysk, Russysk
Haadstêd Bisjkek
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
198.500 km²
3,6­%
Ynwenners (1999) 4.896.100
Munt Som (KGS)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 2 desimber
Lânkoade KGZ
Ynternet .kg
Tillefoan 996

Kirgyzje of Kirgyzstan, sûnt 1993 offisjeel de Kirgizyske Republyk, is in lân yn Sintraal-Aazje. De haadstêd is Bisjkek en de presidint fan de republyk is sûnt 2005 Kurmanbek Bakiyev.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirgyzje wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tiansanberchtme yn Kyrgyzstan.

Kirgyzje leit foar it grutste part yn it Tiansanberchtme. De helte fan it lân leit boppe de 3000 meter, allinnich de foarberchtmen yn it westen en noarden lizze ûnder de 1200 meter. It lânskip bestiet foar in grut part út woastyneftige gebieten, mar der binne ek gebieten mei bosk en greiden. Boppe de 3000 meter giet it lânskip oer yn berchtoendra folge troch in gletsjersône.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirgyzje waard yn 1876 opnommen yn it Russyske Ryk fan de Tsjaren. Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 krige it foar it earst in modern steatsbestel. De sosjalistyske sowjetrepublyk feklearre har yn 1991 selsstannich fan de USSR. De grûnwetwiziging fan 1993 hat fan it lân in presidintsjele republyk makke en jout de presidint fiergeande foegen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan Kirgyzje waard yn 2007 op 5.2 miljoen skatten. De grutste befolkingsgroep binne Kirgizen, in Turksk folk, dy't om-ende-by 69% fan de befolking útmakket. Oare etnyske groepen binne de Russen (9.0%) dy't fral yn it noarden wenje en de Oezbeken (14.5%) yn it suden fan it lân. Fierders wurdt Kirgyzje bewenne troch in tal lytsere folken, te witten Tataren (1.9%), Uygoeren (1.1%), Tadzjiken (1.1%), Kazakken (0.7%) en Oekraïners (0.5%) en oars (1.7%).

Sûnt de ûnôfhinklikens fan Kirgyzje is de ferhâlding tusken de etnyske groepen nochal wizige. It persintaazje fan etnyske Kirgizen is bot tanomd fan goed 50% yn 1979 oant sawat 70% yn 2007, wylst it persintaazje fan de Jeropeesk etnyske groepen lykas (Russen, Oekraïners en Dútsers) en allyksa de Tartaren yn dy tiid tebekrûn is fan 35% nei sawat 10%.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan Kirgyzje bestiet foar 75% út Moslims, 20% Russysk Ortodoksen en 5% oars.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]