Tadzjiken

Ut Wikipedy
Tadzjiken

De Tadzjiken binne in Iraansk Folk yn Sintraal Aazje, dat foar it grutste part yn Tadzjikistan en Afganistan wennet, mar ek yn Oezbekistan, Sina en Pakistan.

De Tadzjiken binne besibbe oan de Iraanjers en wurde ek wol de Perzen fan Sintraal Aazje neamd. De oarspronklike betsjutting fan Tadzjyk hâldt yn "net-Turksk". Harren taal (Dary, teffens fiertaal yn Afganistan, is basearre op in âld-Perzysk dialekt. Yn Tadzjikistan wurdt de taal skreaun mei it Syrillyske alfabet en offisjieel meastentiids Tadzjiky-Perzysk neamd.

De Tadzjiken binne fral ambachtslju en hannelers, hoewol't se ek lânbou en feefokkerij bedriuwe. Yn tsjinstelling ta in protte oare tradisjonele maatskipstruktueren yn Sintraal-Aazje binne de Tadzjiken net ûnderferdield yn stammen.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tadzjiken ûnderhâlde religieuske bannen mei Oezbeken, dy krekt as Tadzjiken soennityske moslims binne.


Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.