Sûnnisme

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Soennisme")
Gean nei: navigaasje, sykje
Lannen mei in moslimbefolking fan minimaal 10% (grien is sûnnitysk, read is sjiitysk).

It sûnnisme (سونى) of de sûnnityske islam is de grutste haadstreaming fan de islam. De op ien nei grutste streaming is het sjiïsme. It sûnnisme is ferdield yn ferskate madhahib dy't neist inoar bestean sûnder opfallende ûnderlinge konflikten.

It wurd sûnna is Arabysk foar 'tradysje'. Sûnnityske moslims folge de tradysje dy't basearre is op it libben fan de lêste profeet fan de islam, Mohammed. Dêrby hat de hadit, in samling fan de preken en hannelingen fan Mohammed, neist de Koaran, it hillige boek fan de moslims, in protte gesach ûnder de sûnniten. Ek de ynstimming fan de sahaba (de earste moslims) idjma-as-Sahaba neamd oer bepaalde spesifike saken, en de qiyās (analogy) mei dizze en oare foarfallen binne boarnen binnen de sûnnityske streaming fan de islam.

Goed 90% fan alle moslims, ek dy't yn it westen libje, is sûnnitysk.[1]

It sûnnisme is krekt as it sjiïsme ûntstien troch de opfolgingsstriid dy't fuort útbruts nei de dea fan Mohammed yn 632. Neffens de sûnniten hie Mohammed by syn libben gien opfolger oanwiisd, en hied er ek net oanjûn op hokker wize in opfolger bepaald wurde moast. Nei syn dea gong de striid tusken de oanhingers fan Mohammed syn neef en skoansoan Aly en dy fan de kalifen. De sûnniten binne folgelingen fan de lêsten. De earste kalyf wie Mohammed syn skoanheit Abû Bakr.

Nei de earste fjouwer keazen kalifen wie it grutte skisma binnen de islam in foldongen feit en kaam it kalifaat yn hannen fan opienfolgjend sûnnityske dynastyën, de Omajjaden en de Abbasiden. Harren ynfloed yn de wrâld strekte him fia de feroveringskrigen binnen in pear generaasjes út fan Spanje (de Pyreneeën) oant de Pûndjaab yn eastlik Ynje.

De sûnnityske teology wykt op guon punten ôf fan dat fan de sjiïten: ûnder mear oer de mahdi dêr't de sûnniten noch wol leauwen dat de Mady komme sil. Fierders is de posysje fan de imam foar de sûnniten net folle mear as foargonger fan it gebed op freed yn de moskee.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. How many Shia are there in the world