Omajjaden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Omajjaden Ryk op har grutst

De Omajjaden, ek wol neamd Umayyaden, is de namme fan in Arabyske dynasty, dêr't sawol de kaliven ta hearden dy't it Arabysk-Islamityske Ryk fan 661 oant 750 regearden as de út harren fuortkommende Spaanske Omajjaden (756-1027).

De earste Oajjaden kalyf wie Mû'awijja I (661-680), dy't troch it net erkennen fan Aly yn 756 as kalyf in boargerkriich op gong brocht en nei de dea fan Aly it liederskip oer it grutte Arabyske Ryk ferwurf. Oant en mei de ein fan dizze dynasty bleau Damaskus haadstêd. Under de Omajjaden hawwe de grutte feroveringen fan de Arabieren oant Sintraal-Aazje, Yndia en Spanje trochset.

Troch Abd al-Rahman I, in pakesizzer fan de tsiende Omajjadyske kalyf Hisjam, dy't ûntkaam oan de Abbasiden waard yn 750 de Spaanske tûke fan de Omajjaden útein set. Hy slagge deryn him yn Spanje as emir te erkennen te litten en makke Kordoba ta syn residinsje. De grutste machtsûntwikkeling waard berikt troch Abd al-Rahman III (912-961) dy't him losmakke fan it kalifaat yn Bagdad en himsels ta kalyf ferklearre.