Renault

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De trije bruorren Renault
Renault Clio
Renault Twingo
Renault Espace
Renault Spider

Renault is in Frânsk automerk.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Begjin[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1898 boude de doe 22-jierrige Louis Renault syn earste auto. In advokaat probearre de auto út en wie sa ûnder de yndruk dat er ien bestelde. Tegearre mei syn bruorren, Marcel en Fernand stifte Louis op 25 febrewaris 1899 Renault Freres. De ûndernimming waakste hurd: fan 2.200 auto's yn 1906 nei 3.800 yn 1908 en yn 1910 al 6.800. Marcel Renault ferûngelokke yn 1903 by de Rally fan Parys nei Madrid. Doe't Fernand Renault him weromluts fanwegen syn sûnens, bleau Louis allinnich oer oan it roer fan it bedriuw.

Yn april 1911 giet Louis nei de Feriene Steaten om te sjen nei de produksjehallen fan Ford. Hy moete Henry Ford en gie werom nei Parys mei de motivaasje om Renault ta ien fan de grutste yndustriele konserns fan Frankryk te meitsjen.

Kriichstiid[bewurkje seksje | edit source]

Renault kaam goed út de Earste Wrâldkriich en daliks nei de kriich begûn Renault wer mei de produksje fan syn lúkse auto’s. Wyls makke Renault ek tanks.

De Renault 40 CV wie it topmodel fan Renault, de auto wûn ek de Rally fan Monte Carlo yn 1925 en bruts ferskate rekords. Fan 3 oant 4 juny lei in 40 CV yn 24 oeren persys 3384,749 kilometer ôf. Oer in tiidrek fan 24 oeren ried de auto yn trochslach 141,031 kilometer de oere, in prestaasje yn dy tiid. Bentley bruts in pear moanne letter it rekord wer, mar de nije 40 CV bruts opnij it rekord.

It bedriuw hie in soad te lijen fan de delgong fan de beurs, mar it kaam de klap wer te boppe doet hja yn 1930 en jierren dêrnei mei faasje in protte nije modellen yntrodusearje, lykas de Nervastelle, de Reinasport en de Nervasport. Renault komt al gau side oan side te stean op de bûlevards mei Rolls-Royce en Hispano Suiza.

Yn de Twadde Wrâldkriich, namen de Nazys it fabryk oer. Renault wegere foar harren tenks te meitsje, dat hy moast yn stee dêrfan frachtweinen meitsje. Louis Renault waard nei de befrijing fan Frankryk yn 1944 arrestearre. Noch ear't de rjochtsaak begûn ferstoar er yn de finzenis, mar hoe't dat krekt bart waard nei dúdlik. Op basis fan de oanklacht, dy noch net bewiisd wie, waard de steat de baas fan Renault. Nei de Twadde Wrâldkriich wurdt de populêre 4CV yntrodusearre.

50-er jierren[bewurkje seksje | edit source]

Yn de fyftiger jierren waard der in soad eksperimintearre mei aërodynamika. Yn de jierren sechtich waard der úteinlik foarútgong boekt troch Renault middels it eksperimintele ferline út de jierren ’50. De Renault 16 waard troch Dreyfus yntrodusearre as it nijste model fan Renault en mei dit nije model hie it konsern ek in wrâldprimeur. De foarm, it efterlizzende idee en de fabrikaazje waard ferneamd yn de ynternasjonale autoparse. Saviem waard oernaam troch Renault.

60-er jierren[bewurkje seksje | edit source]

Yn de sechtiger jierren hearde it Amerikaanske automerk AMC-Rambler ek by it konsern. Renault waard ek eigener fan de American Motors Corporation, ûnder oaren eigener fan Jeep. Yn 1987 ferkoft Renault AMC oan Chrysler.

70-er jierren[bewurkje seksje | edit source]

Yn de santiger jierren begûn Renault in eigen Formule 1-team. De RS 01 waard de auto dêr't mei reest waard. Yn 1978 waard Reanult yn de 24 oer fan Le Mans earste mei de Alpine A442B. De súksessen yn de autosport wuaarden troch Renault fuortset yn de persoane-auto’s dy’t se meitsje. Sa yntrodusearre Renault ein 70-er jierren in populêre turbotechnology yn de motortechnyk foar de persoanewein. Yn 1984 yntrodusearre Renault de Espace, makke troch Matra. Renault naam Mack oer.

90-er jierren[bewurkje seksje | edit source]

Nije nammen by Renault yn de jierren ’90 wienen de Clio, de nijste Espace en de Twingo. Volvo naam de truckôfdieling oer fan Renault. Fan 1992 oant 1997 wûn Renault seis konstrukteurstitels yn de Formule 1 as Williams-Renault en yn 1995 as Benetton-Renault. Yn 1997 konstatearre men dat de groei út de modellen wie en it gie net sa goed mei de ferkeap fan auto’s. Yn dat jier luts Renault him tebek út de Formule 1. Letter yn 2002 kamen hja werom troch it Benetton team oer te nimmen. Yn 2005 wûn it team de konstrukteurstitel en de riderstitel (Fernando Alonso).

Yn 1999 naam it Frânske autokonsern in behearskjend besit yn it Japanske automerk Nissan en begûn dêrmei in alliânsje tusken de twa autofabrikanten.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Tsjintwurdich is Renault ien fan de grutste autofabrikanten yn Jeropa en is merklieder op it kontinint. De automerken Dacia, Nissan, Renault Samsung Motors en Renault hearre ta de Groupe Renault.