Krim

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Krim

De Krim (Oekraynsk: Крим - Krym, Russysk: Крым - Krym, Krim-Tataarsk: Qırım) is in Oekraysnk skiereilân yn de Swarte See en de See fan Azov. De oerflakte is 27.000 km² en yn 2001 wennen der yn toaal 1[1] 2.413.228 minsken. Op de Krim leit de autonome Krimrepublyk mei as haadstêd Simferopol. It wichtigste havenplak is Sebastopol oan de Swarte See, dat gjin ûnderdiel fan de Krimrepublyk is, mar yn de Oekraïne in aparte status hat. Bekend is ek it badplak Jalta. Oare plakken fan belang binne Feodosia, Kertsj, Bachtsjisaraj en Hoerzoef.

Geografy [bewurkje seksje]

De Krim is yn it noardwesten troch de lâningte fan Perekop ferbûn mei de rest fan de Oekraïne. De Strjitte fan Kertsj foarmet yn it easten de skieding mei it Russyske fêstelân.
De Krim bestiet foar it grutste part út steppe. Yn it suden leit it Krimgeberchte dat in hichte berikt fan 1545 meter. Súdeastlik hjirfan leit de kuststrook, dat in mediterraansk klimaat hat en bekend is om syn wyn en syn badplakken, werûnder Jalta.

Fuotnoat [bewurkje seksje]

  1. Census 05-12-2001 (Krimrepubliek+Sebastopol)

Keppeling om utens [bewurkje seksje]