Feriene Naasjes
Ut Wikipedy
| Feriene Naasjes | |
|---|---|
| Offisjele talen | Arabysk, Sineesk/Mandarynsk, |
| Algemien siktaris | Ban Ki-moon |
| Oprjochte | as allyânsje: 1 jannewaris 1942 as ynternasjonale organisaasje: 24 oktober 1945 |
| Lidsteaten | 192 |
| Haadkantoar | New York City, New York, Feriene Steaten |
| Offisjele webside | http://www.un.org/ FN |
De Feriene Naasjes is in gearwurkingsferbân fan 192 selsstannige steaten, dat yn 1945 oprjochte is. It is in mondiale organisaasje fan regearen, gearwurkjend op it mêd fan ynternasjonaal rjocht, mondiale feiligens, behâld fan humanitêr rjocht, ûntwikkeljen fan in wrâldekonomy en it ûndersyk nei sosjaal-maatskiplike en kulture ûntjouwings.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
De oprjochting fan de Feriene Naasjes fûn plak op 26 juny 1945 yn San Francisco troch it ûndertekenjen fan it hânfêst, dat op 24 oktober fan dat jier fan krêft waard. De FN bestie by de oprjochting út 51 leden.
Alger Hiss wie tydlik Siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes tidens de oprjochting. Hy moast omtinken jaan oan it lykwicht fan'e naasjes tidens de konferinsje, sadwaande koe de gearkomste earlik ferrinne. Fierders hie er yn syn portefúlje it oanlûken fan yn totaal 494 wurkkrêften foar de FN. Hiss wie lykwols gjin "offisjele" Siktaris-generaal, om't hy lieder fan de organisaasje wie wilens yn oprjochting. Doe't de Feriene Naasjes operasjoneel gong oan it ein fan 1945, kamen syn funksjes te ferfallen en waard de Noar Trygve Lie troch de Algiemene Gearkomste keazen as de earste offisjele Siktaris-generaal.
De foarrinner fan de FN wie it Folkebûn, oprjochte op 25 jannewaris 1919 (de 1e algemiene gearkomste wie op 10 jannewaris 1920) Yn 1946 waard it Folkebûn opheven.
Yn it begjin hie de ynternasjonale organisaasje de offisjele namme United Nations Organization (UNO), mar al gau waard dit yn it deistich brûken fan de namme ôfkoarte ta United Nations (UN). Dizze namme is no offisjeel fêstlein foar de ynternasjonale organisaasje.
[bewurkje seksje] Untwikkeling
De Feriene Naasjes is fan 55 leden yn 1945 útgroeid ta 192 leden. De lêste twa nije leden wienen yn juny 2006 Montenegro en Servje, nei it útienfallen fan Servje en Montenegro.
[bewurkje seksje] Organen
De FN omfettet in tal organen, wêrfan de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried de wichtichste binne.
[bewurkje seksje] Algemiene Gearkomste
Yn de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes hawwe alle lidsteaten in sit. De Algemiene Gearkomste kin allinne polityk net-binende útspraken dwaan, soks yn tsjinstelling ta de Feiligensried dy't binende besluten nimme kin. Alle leden fan de FN hawwe stimrjocht yn de Algemiene Gearkomste, mar lannen mei de observaasjestatus (De Palestynske Gebieten en itFatikaan) meie net stimme.
De deistige saken wurde behannele troch seis kommisjes fan de Algemiene Gearkomste. De earste kommisje hat ta doel troch ûntwapening de ynternasjonale feiligens te fuortsterkjen. De twadde kommisje is foar ekonomyske en finansjele saken en de tredde is foar, sosjale, humanitêre en kulturele saken. De fjirde kommisje hâldt him dwaande mei spesjale politike stikken en dekoloanisaasje (in ûnderwerp dat hjoed de dei net mear aktueel is). Administrative en sinteraasje saken wurde behannele yn de fyfde kommisje, en de lêste (nûmer seis) hâldt him dwaande mei (ynternasjonale) juridyske saken.
[bewurkje seksje] Feiligensried
De Feiligensried fan 'e Feriene Naasjes is it heechste bestjoersorgaan fan de Feriene Naasjes. De feiligensried hat fiif permaninte leden, dy't in fetorjocht hawwe. de Folksrepublyk Sina (oant 1972 wie Taiwan as neifolger fan Nasjonalistysk Sina lid mei fetorjocht), Feriene Steaten, Ruslân (dy't yn 1991 de Sowjetuny neifolge), Frankryk en Grut-Brittanje. Yn de feiligensried hawwe noch tsien oare lannen in plak, dy't elts foar in perioade fan twa jier keazen wurde. Dizze net-permaninte leden hawwe gjin fetorjocht en kinne oerstimd wurde. De feiligensried beslist û.o. oer de útfiering fan fredesmissys en hawwe it foech om nije lidsteaten dy't by de Feriene Naasjes komme te betanken, troch it brûken fan it fetorjocht. De feiligensried beslist û.o. oer de fredesstriidkrêften fan de organisaasje.
[bewurkje seksje] Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes
De Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes (ôfkoarte ECOSOC) hat ta doel it befoarderjen fan gearwurking op ekonomysk, sosjaal en humanitêr mêd. De ECOSOC is net permanint operasjoneel mar komt inkeld in pear kear yn it jier gear. De ried hat 54 leden dy't foar trije jier keazen binne; alle jierren wurdt in tredde part troch de Algemiene Gearkomste fan de FN nij keazen.