Ban Ki-moon

Ut Wikipedy
Ban Ki-moon

Ban Ki-moon (Chungju, Chungcheongbuk-do, 13 juny 1944) is de hjoeddeiske sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Hy is in Súd-Koreaanske diplomaat en politikus dy't earder minister fan Bûtenlânske Saken en Hannel wie fan syn lân.

Sûnt 1 jannewaris 2007 is hy de opfolger fan Kofi Annan. Dêrmei is Ban de achtste sekretaris-generaal op rige. Bans amtsperioade einiget op 31 desimber 2011.

Op 9 oktober 2006 hat de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes unanym Ban foardroegen as nije sekretaris-generaal foar in tiidrek fan fiif jier, rinnend fan 1 jannewaris 2007 oant 1 jannewaris 2012. Nei de weromlûking fan de Letske Vaira Vīķe-Freiberga, ien fan de lêste oerbleaune kandidaten, wie de nominaasje fan Ban noch mar in formaliteit. De Algemene Gearkomste fan de Feriene Naasjes hat op 13 oktober 2006 syn oanstelling offisjeel goedkard. Op 14 desimber 2006 lei Ban de amtseed ôf.

Ban Ki-moon sprekt floeiend Ingelsk en Frânsk. Hy is troud en hat trije bern. Hy is in oanhinger fan it Kristlik leauwen mar neffens eigen sizzen net oansletten by in Tsjerke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]