Nairoby
| Nairoby | ||
| Sakesintrum Nairoby | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.940.911 (2007) | |
| Oerflak | 696 km² | |
| Befolkingstichtens | 4.230/ km² | |
| Hichte | 1661 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Kenia | |
| Provinsje | Nairoby | |
| Boargemaster | Geoffrey Majiwa | |
| Oar | ||
| Stifting | 1899 | |
| Tiidsône | EAT (UTC+3) | |
| *Simmertiid | Gjin | |
| Koördinaten | ||
| Webside | www.nairobicity.org | |
Nairoby is de haadstêd en grutste stêd fan Kenia. De stêd leit oan de rivier mei deselde namme op in hichte fan 1.661 meter yn it suden fan it lân. De namme komt fan it Masai Ewaso Nyirobi, dat 'koele wetters' betsjut. It oantal ynwenners is sa'n 2.864.667 (yn de stedekloft 3.778.742). De talen dy't dêr it meast sprutsen wurde binne: Swahili, Kikuyu en Ingelsk. De gemeente Nairobi hat yn Kenia de status fan in provinsje.
Nairoby waard yn 1899 yn in sompe stifte as befoarriedingsdepot foar it Ugandaspoar tusken Mombassa en Oeganda. Yn 1905 krige it de status fan haadstêd fan de provinsje Nairobi. De stêd waard begjin 20e ieu folslein fannijs boud, neidat it rekke waard troch in pestepedimy en platbaarnd wie. Dêrnei bleau de stêd groeien. Nairoby waard yn 1907 haadstêd fan it Britsk East-Afrikaansk Protektoraat, yn it plak fan Mombassa, en bleau dat ek nei it ûnôfhinklik wurden fan Kenia yn 1963.
Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie dêr de reboelje fan de Mau Mau.
Augustus 1998 pleegde de terroristske organisaasje Al Qaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Nairoby.
Ynhâld |
Ferfier [bewurkje seksje]
Nairoby hat in ynternasjonale lofthaven, Jomo Kenyatta International Airport, de grutste fan East- en Sintraal Afrika. Yn 2006 ferwurke it 4,4 miljoen reizgers. Under oaren de KLM, Kenya Airways en British Airways fleane op Nairoby. De lofthaven is te berikken mei de taksy, bus en pindelbus. Kenia hat noch twa oare lofthavens foar ynternasjonaal ferkear: yn Mombassa en yn Eldoret.
Wilson Airport is in lyts, mar drok, fleanfjild yn it suden fan Nairoby wat troch lytsere fleanmasines brûkt wurdt, bygelyks foar it toeristeferfier. It fleanfjild waard yn de jierren '30 en '40 foar tuskenlâningen brûkt op de rûte fan Southampton nei Kaapstêd. De ynternasjonale helporganisaasje Missionary Aviation Fellowship hat dêr in basis.
Underwiis en wittenskip [bewurkje seksje]
Nairoby hat ferskate universiteiten:
- Universiteit fan Nairoby
- Kenyatta University
- Strathmore University
- United States International University - Nairobi
- Daystar University
- Catholic University of Eastern Africa
- Africa Nazarene University
It East African Herbarium is in herbarium dêr't ûndersyk dien wurdt nei de flora fan East-Afrika.
Berne yn Nairoby [bewurkje seksje]
- Roger Whittaker (1936), Britsk sjonger en tekstskriuwer
- Richard Dawkins (1941), Britsk etolooch, evolúsjebiolooch en skriuwer fan populêr-wittenskiplike boeken
- Richard Leakey (1944), paleo-antropolooch
- Kiran Shah (1956), Keniaansk akteur en stuntman
- Catherine Ndereba (1972), Keniaansk maratonrinner en olympysk dielnimmer
- Chris Froome (1985), hurdfytser
- Jason Dunford (1986), swimmer
- Stella Mwangi (1986), Noarsk-Keniaas sjongster
Partnerstêden [bewurkje seksje]
- Denver (Feriene Steaten)
Befolking [bewurkje seksje]
De befolking fan Nairoby groeit op it heden mei 4.1% it jier.[1] Sa't it no liket sil Nairoby syn befolking de 5 miljoen berikke yn 2015.
| Jier | Ynwennertal | Groei |
|---|---|---|
| 1906 | 11,500 | 0 |
| 1911 | 14,000 | 2,500 |
| 1921 | 24,300 | 10,300 |
| 1926 | 29,900 | 5,600 |
| 1929 | 32,900 | 3,000 |
| 1931 | 47,800 | 14,900 |
| 1939 | 61,300 | 3,500 |
| 1944 | 108,900 | 47,600 |
| 1948 | 119,000 | 20,100 |
| 1955 | 186,000 | 67,000 |
| 1957 | 221,700 | 35,700 |
| 1960 | 251,000 | 29,300 |
| 1962 | 266,800 | 17,800 |
| 1965 | 380,000 | 113,200 |
| 1969 | 509,300 | 129,300 |
| 1979 | 827,775 | 318,475 |
| 1989 | 1,324,570 | 496,795 |
| 1995 | 1,810,000 | 485,435 |
| 1999 | 2,143,254 | 333,254 |
| 2005 | 2,750,561 | 607,307 |
| 2009 | 3,138,369 | 387,808[2] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |