Uganda

Ut Wikipedy
Republic of Uganda
Jamhuri ya Uganda
Flagge fan Uganda Wapen fan Uganda
Flagge Wapen
Lokaasje fan Uganda
Offisjele taal Ingelsk, Swahily
Haadstêd Kampala
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
236.040 km²
15,39­%
Ynwenners (2018) 44.270.563
Munt Ugandeeske shilling (UGS)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 9 oktober
Lânkoade UGA
Ynternet .ug
Tillefoan 256

Uganda, sûnt 1963 (ien jier nei de ûnôfhinklikheid) offisjeel de Republyk Uganda, is in lân yn Afrika, de haadstêd is Kampala.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uganda wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mount Kadam yn Uganda.

It lânskip yn Uganda wurdt bepaald troch de Nyl (Viktoria-Nyl en Albert-Nyl), oerwâld en savannen. It grutste part fan it lân leit op in heechflakte (om-ende-by 1000-1300 meter), dy't sa no en dan troch in berch ûnderbrutsen wurdt. De heechste piken yn dit meastentiids út savanne besteande lânskip binne de Mount Elgon (4321 meter) yn it easten en it 5119 meter hege Ruwenzorimassyf yn it westen. Yn it súdeasten fan it lân leit de Fiktoriamar foar de helte op Ugandeesk grûngebiet.

It klimaat fan Uganda is tropysk dat troch de lizzing op grutte hichte timpere wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uganda wie iuwenlang in oergongsgebiet tusken de feehoedzjende Niloten yn it noarden en de lânbouwende Bantû yn it suden. Healwei de 19e iuw waard it lân troch de Arabieren ûntsletten. Wat letter kamen Britske sindelingen en Frânske misjonarissen en ûntstie dêr in machtstriid tusken de Arabieren, Britten en Frânsken. Uteinlik waard it gebiet yn 1894 in Britsk protektoraat.

Op 9 oktober 1962 waard Uganda ûnôfhinklik en in jier letter in republyk binnen it Britske Mienebest, mei kening Mutesa II as presidint en Milton Obote as premier. Under Obote sloech Uganda yn 1970 de wei fan it sosjalisme yn en waard de ekonomy 'uganisearre', dat ta gefolch hie dat mear as 20.000 Kenyanen it lân útwiisd waarden. Yn 1971 slagge it generaal Idi Amin (1971-1979) en krij de macht troch in steatsgreep. Amin skeakele alle opposysje út en Obote waard it lân útsetten. Syn bewâld is berucht wurden troch de moarden op politike tsjinstanners. Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar de dea fan 300.000 tsjinstanners. Nei de fal fan Amin kearde Obote werom as presidint. Ek ûnder syn bewâld foelen troch guerilla-oarloch en skeiningen fan minskerjochten noch ris 100.000 slachtoffers. It bewâld fan Yoweri Museveni sûnt 1986 hat relative stabiliteit en ekonomyske groei brocht.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ugandeeske frou

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Uganda wenje ferskate etnyske kloften dêr't net ien de mearderheid fan de befolking foarmet. De gruttens fan de befolking wurdt skatten op likernôch 32.4 miljoen minsken. Unganda beskikt oer in frij jonge befolking dêr't de leeftyd trochsneeds op 15 jier leit.

Talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it lân wurde goed fjirtich talen sprutsen. Sûnt de ôfhinklikheid is it Ingelsk de offisjele taal. De meast sprutsen taal fan Uganda is Luganda dy't foaral sprutsen wurdt yn de bewenne gebieten om Kampala, de haadstêd hinne, en de stêden en wengebieten yn de Buganda regio fan Uganda dy't Kampala omfiemet. De Lusoga en Runyankore talen wurden foaral sprutsen yn it súdeasten en súdwesten fan it lân.

It Swahily, dat in soad sprutsen wurdt yn it easten en sintrale diel fan East-Afrika, jildt as de twadde offisjele taal. Ek al hat dizze taal nea yngong fûn by it Bantu sprekkende part fan de befolking, is it in wichtige taal lingua franca yn de noardlike gebieten.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2002 bestiet 84% fan de befolking fan Uganda út Kristenen. De Roomsk-Katolike Tsjerke telt it grutste tal oanhingers (41,9%), folge troch de Anglikaanse Tsjerke fan Uganda (35,9%). De dêrnei meast foarkommende religy is de islam (benammen soennisme), dy't neffens de folkstelling troch 12% fan de befolking oanhingen wurdt. Fierders binne der noch wat lytske kristlike groepearringen.

Tradisjonele lokale leauwen bestien yn inkele lanlike gebieten en binne soms mingd mei kristlike of islaamske leauwen. De Ynjers binne de meast wichtige ymmigrantenkloft. Leden fan dizze mienskip binne benammen Ismaily (sjiityske folgelingen fan Aga Kan) of hindoe.