Tropysk klimaat
Ut Wikipedy
It tropysk klimaat is in klimaat dat foarkomt yn de tropen. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen is it in net-droech klimaat wêr't it heule jier de temperatuer trochstrings boppe de 18°C leit. Köppen dielt it soarte klimaat yn as in haadklimaat by de A-klimaten op syn ferdieling. It tropysk klimaat beslaat it meastepart fan de ierde, 20% fan it lânoerflak en 43% fan it wetteroerflak.
Köppen dielt it tropysk klimaat fierders ûnder yn trije klimaten. Dat binne it tropysk reinwâldklimaat, it mûssonklimaat en it tropysk savanneklimaat.
Gebieten [bewurkje seksje]
Gebieten mei it tropysk klimaat binne:
- Súd-Florida
- De Karibyk
- Sintraal Afrika
- De kust fan Yndia
- Súdeast-Aazje
- Noard-Queensland
- Hawaï
- Sintraal Amearika
- De binnenlannen fan Brazylje