Nyl
Ut Wikipedy
De Nyl (Arabysk النيل, an-Nīl) is in rivier yn Afrika. De rivier ûntspringt yn de bergen fan Rûanda en Bûrûndy en einiget yn de Middellânske See. Tusken de boarne en de see streamt de rivier troch seis lannen: Bûrûndy, Rûanda, Tanzania, Uganda, Sûdan en Egypte. De Nyldelta is foar Egypte fan grut ekonomysk belang. Mei in langte fan 6.671 km is de Nyl de twadgrutste rivier op de wrâld nei de Amasône rivier.