Middellânske See
|
|
|
| Lokaasje | tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika |
| See | |
| Koördinaten | {{{koordinaten}}} |
| Oerflakte | 2 miljoen km² |
| Djipte (maks.) | m |
| Trochsneeddjipte | {{{trochsneeddjipte}}} m |
| Trochsneeddjipte | 1430 m |
| Breedte | 600 km (trochsneed) |
| Maks. breedte | {{{breedtemaks}}} |
| Maks. breedte | |
| Lingte | 3850 km |
| Oer | |
De Middellânske See leit tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika. It gebiet is 3850 km lang en hat in trochsneed breedte fan 600 km, de trochsneed djipte fan de see is likernôch 1430 m. It oerflak fan de see is om-ende-by 2 miljoen km².
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
De Middellânske See foarmet de grins tusken Jeropa en Afrika en foar in part ek dy tusken Jeropa en Aazje. It is fia de Strjitte fan Gibraltar (tusken Spanje en Marokko) ferbûn mei de Atlantyske Oseaan en fia de Bosporus mei de Swarte See, dy ' neffens guon betinkens (mar net neffens it deistich spraakgebrûk) ek ta de Middellânske See heart. De ferbining mei de Reade See is in keunstmjittige en ferrint fia it Suezkanaal yn Egypte.
Ta de Middellânske See heart ek de Adriatyske See eastlik fan Itaalje, de Egeyske See tusken Grikelân en Aazjatysk Turkije, de Ionyske See tusken Itaalje en Grikelân, de Tyrreenske See westlik fan Itaalje, de Liguryske See noardlik fan Korsika en de Levantynske See eastlik fan Syprus.
Eilannen [bewurkje seksje]
De wichtichste eilannen dy't yn de Middellânske See lizze, binne:
- yn it westen: de Balearen mei Mallorca, Minorca en Ibiza en it ûnbewenne eilân Illes Medes foar de kust fan de "Costa Brava".
- sintraal: Korsika, Sardynje, Sisylje, Malta en Djerba
- yn it easten: Kreta, Rodos en Syprus
Lannen [bewurkje seksje]
Lannen dy’t oan de Middellânske See grinzje binne:
- yn it noardwesten en noarden: Spanje, Frankryk, Monako, Itaalje, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje en Herzegovina, Montenegro, Albaanje en Grikelân
- in it noardeasten en easten: Turkije, Syrje, Libanon en Israel
- oan de súdside: Egypte, Lybje, Tuneezje, Algerije en Marokko
- eilânsteaten: Malta en Syprus
Rivieren [bewurkje seksje]
De Nyl is fierwei de grutste rivier dyt útmûnet yn de Middellânske See. Alle oare grutte rivieren (langer as 400 kilometer) dy´t yn de Middellânske See útmûnje, ûntspringe yn Jeropa. Fan west nei east binne dat: de Ebro, de Rhône, de Tiber, de Po, de Adige (Etsch) en de Maritsa (Evros).
Middellânske Seeklimaat [bewurkje seksje]
It Middellânske Seeklimaat wurd ek wol Mediterraansk klimaat neamd. De term Middellânske Seeklimaat ferwiist nei it klimaat yn lannen rûn de Middellânske See. De grutte, relatyf waarme, wettermassa is fan grutte ynfloed op de lannen om de Middellânske See. De noardlik lizzende lannen binne dêrtroch relatyf waarm, de súdlike lannen relatyf koel. De simmers binne waarm en de winters, wêryn't de measte rein falt, binne sêft. It Mediterraansk klimaat makket ûnderdiel út fan it subtropyske klimaatgebiet.