Noard-Afrika
Ut Wikipedy
Noard-Afrika is it part fan it Afrikaanske wrâlddiel dat noardlik fan de Sahara leit. Yn dat gebiet lizze de lannen Marokko, Algerije, Tuneezje, Lybje en Egypte.
It gebiet fan de Afrikaanske noardkust waard eartiids troch Jeropeanen Barbarije neamd, nei it Berberfolk dat dêr libbe.