Berbers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Verspreiding van de Berbers in Noordwest Afrika

Fersprieding fan de Berbers yn Noardwest Afrika.

         Shleuhs          Berbers (Midden-Atlas)
         Riffijnen          Chenwa
         Kabyles          Chawi
         Toearegs          Sahara Berbers

De Berbers (betiden ek Imazigen, meartal fan Amazich, neamd), binne de oarspronklike ynwenners fan Noard-Afrika. De Lybjers, Numidjers en Moaren út de âldheid wienen Berberske folken. De eardere Berbers libben yn in gebiet dat rûn fan de Atlantyske Oseaan oant-en-mei de oaze Siwa yn Egypte, en fan Tuneezje oant de Sahel. Dat gebiet waard eartiids ek oantsjutten as Barbarije (Berberske Wrâld), wat ôflaat is fan it Grykske wurd Barbaros.

Tsjintwurdich binne Berbers fral te finen yn Marokko, Algerije en Lybje. Tuneezje lykwols is sadanich arabisearre, dat meastepart fan de Berbers de Arabyske kultuer en identiteit oernomd hawwe, mei alle aspekten dêrfan (bygelyks taal en keuken). Ek yn Mauritaanje, Maly en Gana, en troch emigraasje nei Jeropa (nei skatting trije miljoen; benammen yn Frankryk, Nederlân en Belgje), binne grutte mienskippen fan Berbers.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Der ûntstienen al hiel betiid Berberbeskavings yn Noard-Afrika, û.o. yn Numydje en Mauretaanje. Yn Egypte binne beskilderings fan grêftombes fûn dy't wize op in Berber-kultuer fan foar 2400 f.Kr.. Bekende yntellektuele Imazigen wienen Aurelius Augustinus, Apuleius en Terentius Afer.

De oarsprong fan de Berbers is net wis. Relaasjes dy't mei Kanaäniten, Foenysjers, Kelten, Basken en Kaukaasjers lein wurde, binne fral spekulatyf fan aard. Ek wurdt der sein dat Berbers ôfstammelingen wêze soenen fan Saharabewenners doe't de woastyn tidens de iistiden noch in fruchtbere flakte wie. Neffens de direkteur fan it Marokkaansk Ynstitút foar Amazigh-Kultuer (IRCAM), Mohamed Chafik, wie it ûntstean fan de Berberfolken in dynamysk proses.

Arabisearring fan de Berbers[bewurkje seksje | edit source]

Trochdat de islamityske en Arabyske kultuer meastentiids as superieur beskôge waard, hat in sterke aribisearring plakfûn yn in protte Noard-Afrikaanske lannen. Dat proses gie lykop mei diskriminaasje fan Berbers, dêr't harren taal, kultuer en identiteit troch bedrige waard. Yn Tuneezje is hjirtroch it oantal Berbertaligen hiel bot tebekrûn dat it sawat net mear sprutsen wurdt.

Feitlik stammet de grutte mearderheid fan de befolking fan Marokko, Algerije, Tuneezje en Lybje ôf fan de Berbers. De ymmigrearre Foenysjers, Griken, Romeinen, Fandalen, Wytsingen en Arabieren hawwe altyd in lytse minderheid west neffens de ynhiemske befolking.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De Berbers sprekke de Berbertalen (binnen Marokko en Noard-Algerije wurdt ek de term 'Tamazight' brûkt). De Berbertalen foarmje in tûke fan de Afro-Aziatyske taalfamylje en dêrtroch fier besibbe oan de Semityske talen. Yn Marokko en Noard-Algerije wurde de Berbertalen fan links nei rjochts skreaun (en net fan rjochts nei links, lykas by it Arabysk it gefal is); it skrift dat dêrfoar brûkt wurdt, wurdt Tifinag neamd. Foarbylden fan Berbertalen of -dialekten binne it Tachelhit, it Tamazigt (Midden-Atlas Berber), it Tarifit, it Tamaseku (de taal fan de Toearegs yn de Sahara), en it Siwi (Egypte).

Religy[bewurkje seksje | edit source]

It meastepart fan de Berbers hat it soennityske moslims leauwe. Foar de feroverings fan de 7e ieu n. Kr. wienen de Berbers kristlik, mei in grutte joadske minderheid.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: