Alboransee

Ut Wikipedy
Alboransee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken it Ibearysk Skiereilân
    en de Magreb yn
lân Gibraltar
Marokko
Spanje
koördinaten 36° N, 3° W
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 350 km
maks. breedte 150 km
oerflak 57.000 km²
djiptegemiddelde 445 m
djipste punt 1.500 m

De Alboransee is it meast westlike part fan de Middellânske See. It wetter leit tusken Spanje en Marokko. De Strjitte fan Gibraltar, dy't bewesten fan dizze see leit, ferbynt de Alboransee mei de Atlantyske Oseaan.

Der lizze ferskate lytse eilannen in dizze see, Isla de Alborán is de grutste. Ek de eilantsjes foar de Marokkaanske kust wurde troch Spanje bestjoerd. De meast wichtige havens oan de see binne : Algesiras, Malaga, Almeria, Melilla, Ceuta, Nador en Tanger.