Sisylje
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Itaalje | |
| Algemien | |
| Haadstêd | Palermo |
| Oerflakte | 25.710 |
| Befolking | 5.087.000 |
| Befolkingstichtens | 198 |
| Oare ynformaasje | |
| Heechste punt | Etna 3323 |
| Oantal gemeenten | 390 |
| Provinsjes | Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Sirakuse, Trapany |
Sisylje (Italjaansk en Sisyljaansk: Sicilia, betsjut "it eilân mei de trije punten" (dat is teffens de namme fan de flagge), is in eilân en in regio fan Itaalje. It eilân leit yn de Middellânske See tusken de, op de Italjaanske fêstewâl lizzende regio Kalaabrje en Tuneezje yn Noard-Afrika. Súdlik fan Sisylje leit it lytse eilânsteatsje Malta.
Fierders hearre by Sisylje de Liparyske of Eolyske Eilannen, it eilantsje Ustika, de Egadyske eilannen, it eilân Pantelleria en de Pelagysje eilannen. Dizze lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk besjoen ta it Afrikaanske kontinint.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De earste bewenners fan it eilân, noch foar de Grykske koloanisaasje wienen de Elymianen, Sisany en Siselen. Letter waard Sisylje koloanisearre troch Foenysjers út Kartago en it âlde Grikelân. Dy koloanisaasje begûn yn de 8e ieu f. Kr.. Sisylje foarme doe tegearre mei Súd-Itaalje it saneamde Magna Graecia. Fanút Sisylje soenen ferskate stêdstaten stifte wurde, wêrûnder Gela, Agrigento, Selinunte, Himera en Messina.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
Sisylje is benammen bekend fanwege de grutte oantallen ymmigranten dy't emigreard binne nei de Feriene Steaten, de oarsprong fan de maffia, it tanimmende toerisme en de noch hieltyd tige aktive fulkaan de Etna.
[bewurkje seksje] Taal
Op Sisylje wurdt njonken it Italjaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan it dialekt fan Kalaabrje. It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskôge.
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Sisylje bestiet út njoggen provinsjes. De provinsjes Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Syrasuse, Trapany.
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lânskip
Yn it easten, tichtby Katania, leit de fulkaan de Etna dy't as in grutte bult yn it lânskip tige oanwêzich is. Dêromhinne leit in frij flak gebiet. Hjir wurdt in soad fruit ferboud. Yn west en sintraal Sisylje wurdt it lânskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de droechte dy't simmers hieltyd oanwêzich is troch de goudbrune kleur yn de heuvels, útsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, dêr't befloeiïng oanwêzich is.
Yn it noarden fan it eilân lizze grutte griene wâlden.
Krekt yn it midden fan Sisylje leit it in grut aaifoarmich mar, it Lago Pergusa (1x1,5 km), wêr omhinne it Autodromo di Pergusa rint, in sirkwy foar autorezen.
Utsein de fulkaan de Etna, kent Sisylje yn har neite ek noch de relatyf besjoen lytse, mar tige aktive fulkaan Stromboly, it noardlikste fan de Liparyske of Eolyske Eilannen.
[bewurkje seksje] Wichtige stêden
De haadstêd fan Sisylje is Palermo. Oare grutte stêden binne:
[bewurkje seksje] Klimaat
Sisylje beskikt oer in Middellânsk Seeklimaat mei waarme simmers en sêfte winters mei in protte rein.
[bewurkje seksje] Ferfier
Fanút Messina is der in boatferbining mei Itaalje. Lofthavens binne der yn Katania, Palermo en Trapany. Yn Katania is sûnt 1999 in Metro