Basilikata

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Basilikata
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Potenza
Oerflakte 9992
Befolking 597.768
Befolkingstichtens 60
Oare ynformaasje
Heechste punt Serra Dolcedorme: 2267 meter
Oantal gemeenten 131
Provinsjes Matera, Potenza
Utsjoch op it dal fan Basento
Utsjoch op it dal fan Basento
Utsjoch op de stêd Matera
Utsjoch op de stêd Matera

Basilikata (ek wol Lukany neamd) is in regio yn it suden fan Itaalje dy't grinzet oan Kampanje yn it westen, Apulje yn it easten en Kalaabrje yn it suden. It beskikt oer in koarte kuststrook mei de Tyrreenske See en mei de Golf fan Tarente (part fan de Ionyske See) oan de súdeastkant.

Oer it algemien is de regio bercheftich, mei as heechste punt op de súdlike Apenninen, de Monte Pollino (2197 m). Monte Fulture, yn de noardwestlike hoeke, is in útdôve fulkaan (1310 m). Basilikata is nei it Falle d'Aosta de tinst befolke regio fan Itaalje.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

Basilikata is in regio dy't noch net echt ûntdekt is troch it toerisme. De meast nijsgjirrichste stêd om te besjen yn de regio is Matera mei har Sassy. Fierders beskikt it gebiet oer in protte karakteristike lytse plakjes krektas Pistissy, Melfy, Ferrandina en it ferlitten Krako. Tichtby de Ionyske kust, mei syn sânstrânen, leit it argeologyske park fan Metaponto mei ruïnes fan in Grykse timpel út de 7e ieu f. Kr..

[bewurkje seksje] Provinsjes en wichtige stêden

Provinsje Ofkoarting haadstêd Wichtige plakken
Matera
MT
Matera Pistissy
Potenza
PZ
Potenza Melfy

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings