Italjaansk

Ut Wikipedy
Italjaansk
algemien
eigen namme Italiano
lânseigen yn Itaalje, Switserlân (Ticino en Graubünden), San Marino, Fatikaanstêd. Ek yn de grinsgebieten fan Sloveenje, Frankryk en Monako. Yn Kroaasje benammen troch âlderen. As ymmigrantetalen yn û.o. Feriene Steaten, Argentynje en Brazylje
tal sprekkers 65.000.000
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
taalstatus
offisjele status offisjele taal
taalkoades
ISO 639-1 it
ISO 639-2 ita
ISO 639-3 ita

Italjaansk is in Romaanske taal dy't oeral op de wrâld troch om-ende-by 65 miljoen minsken sprutsen wurdt. It is de offisjele taal fan Itaalje, San Marino, Fatikaanstêd en yn parten fan Switserlân. Yn de taal binne in soad dialekten te ûnderskieden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Italjaansk stamt ôf fan it fulgêr Latyn, de sprutsen ferzje fan de Romeinske taal, dy't lange tiid neist de offisjele skreaune ferzje bestie en dêr't ek alle oare Romaanske talen út foartkomme. De âldste teksten yn de taal komme út de 10e iuw. Fierders is der protte út de 14e iuw, bygelyks de wurken fan de ferneamde Florentyske Dante Aligiery, mar ek dat fan Petrarsa en Bokkakkio. Dizze trije wurde beskôge as de grûnlizzers fan de Italjaanske literatuer.

Taal en dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It standert-Italjaansk hat him ûntwikkele út it dialekt dat yn de 14e iuw sprutsen waard yn Toskane (de omkriten fan Florâns). Yn dat dialekt skreau Dante Aligiery syn Divina Commedia. Oars as faaks tocht wurdt, binne de dialekten yn Itaalje net ôflaat fan it standert-Italjaansk, mar komme se allegearre fuort út it fulgêr Latynsk.

De ferskate dialekten ferskile nochal fan it standerd-Italjaansk. Foar de komst fan de telefyzje koenen de measte Italjanen allinnich har eigen pleatslik dialekt sprekke en koenen sy har ûnderling amperoan ferstean en begripe.

Op Korsika en parten fan Sardynje wurde dialekten sprutsen dy't in soad lykje op dy fan de fêstewal, mar dy't om kultuerele redenen faak sjoen wurde as op himsels steande talen, útsein it Logudoreesk dat yn alle gefallen wol as in aparte taal beskôge wurdt.

Skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Italjaansk wurdt skreaun yn it Latynske alfabet. It wurdt fonetysk skreaun, wat der op del komt dat ien dy't de útspraakregels ken, net folle muoite hawwe sil mei it skriuwen en fansels oarsom. Ek wurde yn it Italjaansk alle wurdlidden fan in wurd útsprutsen. It Italjaanske alfabet bestiet út 21 letters, de J, K, W, X en Y ûntbrekke, mar kinne wol foarkomme yn lienwurden út bygelyks Gryksk en Ingelsk. Italjaanske wurden einigje sawat altyd op in lûd.

Grammatika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geslachten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Italjaansk ken twa geslachten: manlik en froulik. Haadwurden dy't op in -o einigje binne sawat altyd manlik, haadwurden dy't op in -a einigje binne sawat altyd foulik. De haadwurden dy't op in -e einigje kinne sawol manlik as foulik wêze.[1]

Meartal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meartalsfoarming is yn it Italjaansk tige ienfâldich. De haadwurden einigje yn it inkelfâld sawat altyd op -o, -a of -e. Hâldt it wurd op mei in -o of -e dan wurdt it y as meartal -i, bygelyks by letto - letti (bêd - bêden). Hâldt it wurd op mei in -a, dan wurdt it meartal -e, bygelyks chiesa - chiese (tsjerke - tsjerken). In protte lienwurden, wurden dy't einigje op in twalûd (film), wurden dy't ôflaat binne fan in oarspronklik langere foarm (foto fan fotografia) en wurden mei in aksint op it lêste wurdlid (tabù) feroarje as meartal net.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berloco 2018