Kalaabrje
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Itaalje | |
![]() |
|
| Algemien | |
| Haadstêd | Katanzaro |
| Oerflakte | 15.082 |
| Befolking | 2.009.506 |
| Befolkingstichtens | 132 |
| Oare ynformaasje | |
| Heechste punt | Serra Dolcedorme: 2267 |
| Oantal gemeenten | 409 |
| Provinsjes | Katanzaro, Kosenza, Krotone, Reggio Kalabria, Fibo Falentia |
Kalaabrje (Italjaansk: Calabria) is in regio yn it suden fan Itaalje, súdlik fan Napels. De regio foarmet feitlik de súdwestlike punt oan de foarkant fan de Lears fan Itaalje. Yn it noarden wurdt sy begrinzet troch de regio Basilikata, yn it westen troch de Tyrreenske See en yn it easten troch de Ionyske See. Kalaabrje leit tsjinoer it eilân Sisylje, dêr't it fan skieden is troch de Strjitte fan Messina. It oerflak fan de regio besliet út sa'n 15.080 km² en der wenne om-ende-by 2,05 miljoen minsken.
De regionale haadstêd is Katanzaro. De regio is opdield yn fiif provinsjes, dêr't de haadstêden deselde namme fan hawwe.
[bewurkje seksje] Skiednis
Kalaabrje wie eartiids in wichtich sintrum fan de Grykske beskaving, noch foar de opkomst fan it Romeinske Ryk. Hjir libbe ek de ferneamde wiskundige Pytagoras. Yn it Nasjonaal Museum fan Reggio di Kalabria stean de bekende Grykske bylden, de Bronzi di Riace.
De regio makke jierren diel út fan it Romeinske ryk en hearde dêrnei by it Byzantynske ryk. Letter kaam it ûnder de macht fan Noarmannen, dy't it keninkryk Napels stiften dat lange tiid oer Kalaabrje hearske soe oant en mei de ienwurding fan Itaalje. Ferskate dynastyen hawwe oer it keninkryk hearske. Al dy tiid bleau Kalaabrje in earm en eftersteld gebiet. De Aspromonte, in bercheftige omkrite yn sintraal Kalaabrje, wie lange tiid ek it toaniel fan de ferneamde slach fan de Risorgimento (ienwurding fan Itaalje) dêr't Garibaldi ferwûne rekke.
[bewurkje seksje] Oer
Ek de organisearre misdied wie tsientallen jierren tige sterk oanwêzich, lykwols nimt dat tsjintwurdich yn betsjutting ôf.
It seewetter by Kalaabrje is tige helder, en der simmers komme in soad toeristen.
[bewurkje seksje] Provinsjes en wichtige stêden
| Provinsje | Ofkoarting | Haadstêd | Wichtige plakken | ||
| Katanzaro | CZ | Katanzaro | Lamezia Terme | ||
| Kosenza | CS | Kosenza | Rossano, Korigliano Kolabro | ||
| Krotone | KR | Krotone | Isola di Kapo Rizzuto | ||
| Reggio di Kalabria | RC | Reggio di Kalabria | Palmi, Gioia Tauro | ||
| Fibo Falentia | VV | Fibo Falentia | Tropea |
