Liparyske of Eolyske Eilannen
Ut Wikipedy
De Liparyske- of Eolyske Eilannen (Italjaansk: Isole Lipari of Isole Eolie, Sisyljaansk: Ìsuli Eolî) binne in groep eilannen, dy't noardlik fan Sisylje lizze yn de Tyrreenske See. It is populêre fakânsjebestimming dêr't jierliks sa'n 200.000 toeristen komme. It grutste eilân is Lipary.
Eilannen [bewurkje seksje]
Ta de eilannegroep hearre:
- Lipary (37.6 km2)
- Salina (27 km2)
- Fulkano (21 km2)
- Stromboly (12.6 km2)
- Filikudy (9.5 km2)
- Alikudy (5.2 km2)
- Panarea (3.4 km2)
Bestjoerlik sjoen hearre alle eilannen ta de provinsje Messina.