Foenysjers
De Foenysjers of Fenysjers wienen eartiids de ynwenners fan Foenysje, in streek yn it Midden-Easten dat sawat oerienkaam mei it tsjintwurdige Libanon. De oarsprong fan de Foenysjers is ûndúdlik, mar nei alle gedachten wienen sy in gearsmelting fan nomaden út it neistlizzende Kanaän en kustbewenners. Nei de delgong fan de Minoyske beskaving, waarden de Foenysjers tusken 1500 en 400 f. Kr. de wichtichste seefarders en hannelers fan de Middellânske See. Oeral by de kust del waarden troch har koloanjes stifte, wêrfan Kartago de wichtichste wie.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Taal en godstsjinst
It Foenysysk wie in Semityske taal, dat nau besibbe wie oan it Hebrieusk en de taal fan de bewenners út Kanaän, foar de oermastering troch de Joaden.
De religy fan de Foenysjers hie in protte oerienkomst mei dat fan de heidenske Kanaäniten. Bekende goaden wienen Baäl ("de hear", ek wol "Melkart", "kening fan de stêd", neamd en Astarte (of Isjtar).
[bewurkje seksje] Foenysyske stêden
De Foenysjers hawwe nea in ienheidsteat foarme. Krektas by de Griken wienen sy ferdield yn in oantal stêdsteaten. Ta de wichtichste fan dizze stêdsteaten hearden Sidon, Tyrus, Byblos en Beiroet.
Lange jierren wienen dizze stêdsteaten ûnderhearrich oan ien fan de grutte riken yn de regio, lykas it Assyryske Ryk of it Perzyske Ryk fan de Achaemeniden, wêrby't sy lykwols in soad autonomy holden. By de grutte krigen dy't troch it Perzyske Ryk holden waarden, leveren de Foenysyske stêden it measte part fan de oarlochsfloat fan de Perzen. Yn de klassike âldheid wienen de Foenysjers op see de grutste konkurrinten fan de Griken.
[bewurkje seksje] Kartago
De wichtichste koloanje dy't de Foenysjers oersee stiften wie Kartago yn it tsjintwurdige Tuneezje. Dizze stêd soe de rol oernimme fan it memmelân as hanneler yn de Middellânske See doe't nei de oermastering fan Foenysje troch de Perzen om-ende-by 500 f. Kr. de maritime en kommersjele ynfloed fan Foenysje stadichoan tebek rûn. Ek de Grykske stêdsteaten folden it gat op dat de Foenysjers efterlieten. Kartago waard dêrtroch de grutte rivaal fan de Griken yn it suden fan Itaalje en op Sisylje (Magna Graecia).
[bewurkje seksje] Rome
De supremasy fan it iere Rome oer Kartago begûn mei de oerwinning op Hannibal yn de Twadde Punyske oarloch. De Romeinske senator Kato (234 - 149 f. Kr.) fûn it gefaar fan Kartago, nettsjinsteande de behelle oerwinning, noch hieltyd sa grut dat er by alle redefieringen foar de Romeinske senaat einige mei te sizzen: "Fierders bin ik fan betinken dat Kartago ferwoaste wurde moat" (Ceterum censeo Carthaginem esse delendam).
Neidat Kato syn sin krigen hie yn Tredde Punyske oarloch, wêryn Kartago folslein ferwoaste waard, waarden ek ien foar ien alle stêdsteaten fan Grikelân, Egypte, Syrje en Lyts-Aazje ûnderwurpen. Dêrmei kaam ek Foenysje, dat ûnder Syrje foel, ûnder Romeinsk bewâld (150 f. Kr.). Lykwols bleau Foenysje yn de Romeinske tiid relatyf wolfarrend. Dat soe sa bliuwe oant en mei de komst fan islam nei de regio sa om-ende-by 680. Sûnt dy tiid begjint stadichoan it ferfal yn te treden.
[bewurkje seksje] Utfinings dy't oan de Foenysjers taskreaun wurde
- De wichtichste bydrage oan de wrâld wie it fonetyske Foenysyske alfabet dêr't it Hebrieuske, Grykske en Latynske alfabet oan ûntliend binne.
- De fervestof poarper, ôfkomstich fan in seeslak (de poarperslak), û.o. brûkt foar keningsmantels. Soms wurdt Foenysje yn âlde ferslaggen it 'Poarperlân' neamd.
- trochsichtich glês