Feneto

Ut Wikipedy
Feneto
Flagge Wapen
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Feneesje
Oerflakte 18.264
Befolking 4.500.000
Befolkingstichtens 246
Oare ynformaasje
Heechste punt Marmolada: 3343
Oantal gemeenten 581
Provinsjes Belluno, Padua, Rovigo, Feneesje, Ferona, Fisenza

Feneto (Fenesiaansk: Vèneto) is in regio yn Itaalje, oprjochte yn 1866. De regio grinzget oan: Eastenryk, Friûly-Julysk Feneesje, de Golf fan Feneesje (Adriatyske See, Middellânske See), Emylje-Romanje, Lombardije en Trentino-Súd-Tiroal. De regio strekt him út fan de Karnyske Alpen yn it noarden oant en mei de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Feneto begrinze troch de Gardamar en de rivier de Minsio, yn it easten troch de Adriatyske See en de rivier de Tagliamento. De haadstêd is Feneetsje.


Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat it lânskip oanbelanget is Feneto yn trije stikken te ferpartsjen:

De eastlike Dolomiten en in part fan de súdlike Karnyske Alpen hearre by Feneto. Dat gebiet komt sawat oerien mei de provinsje Belluno. Kortina d'Ampezzo is hjir it wichtichste wintersport- en simmerferbliuwplak.

Yn de leechflakte lizze de grutste stêden fan de regio wêrûnder Feneetsje, Ferona en Padua. Fierders is dit in wichtich lânbougebiet dêr't in protte wyn produsearre wurdt. Te suden fan Padua en Fisenza wurdt de leechflakte ûnderbrutsen troch in lyts heuveleftich gebiet, de Monti Berici en de Colli Euganei.

It grutste part fan de kust wurdt yn beslach nommen troch de lagunes en de delta fan de rivier de Po. De regionale haadstêd Feneetsje is boud op in oantal eilannen yn de grutste lagune: de Laguna Veneta. Oan it noardlikste diel fan de kust lizze in soad sânstrânen - hjir lizze ek de drokbesochte badplakken Jesolo, Bibione en Kaorle.

Provinsjes en wichtige stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Satellytfoto fan it sintrum fan Feneetsje
ProvinsjeOfkoartingHaadstêdWichtige pakken
BellunoBLBellunoFeltre, Cortina d'Ampezzo
Padua (Padova)PDPaduaCittadella, Monselice
RovigoRORovigoAdria
TrevisoTVTrevisoConegliano, Vittorio Veneto
Feneesje (Venezia)VEFeneesjeChioggia, San Donà di Piave, Jesolo, Portogruaro
VeronaVRFeronaLegnago
VicenzaVIFisenzaBassano del Grappa

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje