Umbrje
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Itaalje | |
| Algemien | |
| Haadstêd | Perugia |
| Oerflakte | 8457 |
| Befolking | 815.000 |
| Befolkingstichtens | 95 |
| Oare ynformaasje | |
| Heechste punt | M. Argentella 2201 m |
| Oantal gemeenten | 92 |
| Provinsjes | Perugia, Terny |
Umbry (Italjaansk: Umbria), "it lân fan Fransiskus fan Assisy", is in regio mei griene, sêft gloaiende heuvels begroeid mei in protte wyngerds en olivekwekerijen, mar ek mei in protte ikkers mei weet, sûkerbiten, tabak en sinneblommen. De regio leit yn sintraal Itaalje, yn de fallei fan de rivier de Tiber mei de opslachmar Lago di Korbara. Umbry wurdt ek wol it griene hert fan Itaalje neamd en hat in sêft mediterraansk klimaat mei droege waarme simmers en kâlde wiete winters. Umbry grinzet yn it westen oan Toskane (Trasimeenske Mar), yn it easten oan Marche en de Apenninen en yn it suden oan Lazio. It lânskip wurdt skaaimerke troch âlde ommuorre heuvelstêdjes mei steile strjitsjes dy't tsjûgen binne fan in rike kultuerskiednis.
De regio is neamd nei de Umbry, in Latynske stam dy't har yn de regio festige yn de 6e ieu f. Kr.. Letter waard it oermastere troch de Romeinen en makke it foar mear as tûzen jier diel út fan harren ryk. De stêden groeiden yn de midsieuwen út ta foarstendommen dy't de omlizzende gebieten oerhearsken.
Provinsjes en wichtige stêden[bewurkje seksje]
| Provinsje | Ofkoarting | Haadstêd | Wichtige plakken | |
| Perugia | PG | Perugia | Assisy, Foligno, Gubbio, Spoleto | |
| Terny | TR | Terny | Orvieto, Narny |