Korsika

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Korsika
Flag fan Korsika
(Details)
Wapen fan Korsika
Lizzing fan Korsika yn Frankryk
Haadstêd Ajaccio
Arrondisseminten 5
Kantons 52
Gemeenten 360
Departeminten Súd-Korsika (2A)
Heech-Korsika (2B)
Oerflakte 8 680 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

279 000 (2006)
31 ynw/km²


Satellytfoto fan Korsika

Korsika (Frânsk: Corse, Korsikaansk: Corsica) is in eilân yn de Middellânske See, it leit tusken Sardynje en Liguerje, en heart by Frankryk. It lân hat in oerflak fan 8720 km² en is nei Sisylje it twadgrutste Frânske eilân, Sardynje en Syprus binne de grutsten yn de Middellânske See. Der wenje benei 250.000 minsken dêr’t 100.000 fan yn de twa grutste stêden wenje: Ajaccio en Bastia. It eilân is ien regio (haadsted: Ajaccio) en der binne sûnt 1975 twa departeminten: Heech-Korsika (prefektuer: Bastia) en Súd-Korsika (prefektuer: Ajaccio).

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Der binne in soad bergen op it eilân (heechste punt: Monte Cinto, 2710 m) en is net tichtbefolke. In wichtich skaaimerk fan it eilân is de maquis: rûch, krûdich strewel. It noardeasten fan it eilân is in nasjonaal park. Der binne in protte seldsume plantesoarten op it eilân.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Toeristyske plakken op Korsika binne it UNESCO erfgoed natoerreservaat Scandola, de Genuese tuorren en brêgen, de bergen lykas de Col de Bavella en Monte Cinto, it âldheidkundich park Filitosa en in stikmannich stêden mei kastielen sa as de Ajaccio, Bonifacio, Calvi en Corte. Fierders wurde der wrâldferneamde kuiertochten organisearre lykas de GR20 en de Mare e Monti. Der binne mear as 200 kampings, fan alle kwaliteitsklassen.

Aldheidkundich park Filitosa en in grut tal stêdjes mei har kastielen lykas dy fan Ajaccio, Bonifacio, Calvi en Corte. Der binne wrâldferneamde kuiertochten as de GR20 en de Mare e Monti. Der binne 230 kempings, dy kinne tige lúks wêze mar der binne ek goedkeapere. Der binne fakânsjeparken, apparteminten en hotels. Foar Korsika smyt de toeristyske sektor aardich wat op.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oan it begjin fan de 18e ieu wie Korsika in part fan de Italjaanske stêdsteat Genua. De Korsikanen koene it om 1730 net rjocht lykfine mei it bewâld en it kaam ta in opskuor, yn 1735 waard troch de Consulta fan Corti (parlemint) besletten dat de Hillige Maria Keninginne fan Korsika wurde soe. Luigi Giafferi, Ghjacintu Paoli en Andria Ceccald waarden as kapitein fan de naasje keazen. De abbekaat Costa sette útein mei it skriuwen fan in grûnwet.

Yn 1736 waard Theodore von Neuhoff út Dútslân kening Tiadoru fan Corsica. Hy bleau lykwols mar acht moanne oan de macht. Genua woe Corsica lykwols hâlde. Ghjacintu Paoli besocht dêrom help te finen yn Europa, mar krige dy net. Hy libbe yn ballingskip yn Napels, en stoar yn 1756 yn Londen.

Yn 1755, nettsjinsteande de Frânske en Eastenrykske help, hat Genua inkeld mar sizzenskip oer de presidii: Bastia, San Fiurenzu, Calvi en Bonifacio. Dat jier wurdt Pasquale Paoli, soan fan Ghjacintu Paoli, freon fan Rousseau, James Boswell en Voltaire, keazen as kapitein fan de naasje. Hy makket in demokratyske grûnwet en waard ferneamd in hiel Jeropa: fan alle pieven wurdt der in fertsjinwurdiger keazen foar de Consulta. Dat parlemint kiest dan de Kapitein fan de Naasje (Capu Ginarale di Statu). Corte wurdt de haadsted. Paoli iepenet ûnder oare in universiteit, en lit syn eigen munt (a zecca) slaan. Korsika krijt in flagge en folksliet: Dio Vi Salvi Regina.

Yn ‘e maitiid fan 1768 ferkeapet Genau it eilân oan Frankryk, de Frânsen komme op it eilân mar de Korsikaanske legers fan Paoli ferslaan de Frânsen (Slach by Borgo, 6 oktober 1768), mar yn 1769 wurde de Korsikanen ferslein. Sûnt dat jier is Korsika in part fan de Frânske steat: oant de Frânske Revolúsje bliuwt it in selsstannige provinsje fan Frankryk.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

It Korsikaansk (Corsu) is in Romaanske taal dy’t foar master opslacht. Dat is Toskaansk dat in soad ynfloeden út it Frânsk wei hat, mar it wurdt as streektaal erkend troch de Frânske oerheid. In dialekt dat der tige mei besibbe is, is it Gallura dat yn it noarden fan Sardynje praat wurdt. Troch de Frânsktalige ymport (benammen út Algerije) stiet de posysje fan it Korsikaansk faai. Muzykgroepen lykas de I Muvrini, noedzje en hoedzje de taal.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Korsika hat in Middellânske Seeklimaat mei droege simmers en mylde wiete winters. De trochsneed temperatuer yn july is 29 graden wylst de temperatuer yn ‘e foarmoanne om de 14 graden is. Yn ‘t jier falt der by de kust lâns likernôch 600 mm rein en yn it binnenlân is dat 1200 mm. Yn it binnenlân leit der ûngefear 90 dagen yn ‘t jier snie.

 
Regio's fan Frankryk
Flagge fan Frankryk
Elsas - Akwitaanje - Auvergne - Leech-Normandje - Boergonje - Bretanje - Sintre - Sjampanje-Ardinnen - Korsika - Franche-Comté - Heech-Normandje - Île-de-France - Languedok-Roussillon - Limousin - Lotaringen - Midi-Pyrénées - Nord-Pas-de-Calais - Pays de la Loire - Pikardje - Poitou-Charentes - Provence-Alpes-Côte d'Azur - Rhône-Alpes

Gebieten bûten Jeropa
Guadelûp - Frânsk Guyana - Martinyk - Réunion