Sûdan
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Arabysk, Ingelsk | ||||
| Haadstêd | Kartûm | ||||
| Steatsfoarm | Diktatoriaat | ||||
| Gebiet % wetter |
2,505,813 km² 6% |
||||
| Ynwenners (1993) | 24,940,683 | ||||
| Munt | Sudaneeske dinar (SDD) | ||||
| Tiidsône | UTC +3 | ||||
| Nasjonale feestdei | 1 jannewaris | ||||
| Lânkoade | SDN | ||||
| Ynternet | .sd | ||||
| Tillefoan | 249 | ||||
Sûdan is it grutste lân fan Afrika. De haadstêd is Kartûm.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Sûdan wurdt begrinzge troch:
- Egypte en Lybje yn it noarden;
- Tsjaad en de Sintraal-Afrikaanske Republyk yn it westen;
- Demokratyske Republyk Kongo, Uganda en Kenya yn it suden;
- de Reade See yn it noardeasten;
- Etioopje en Eritrea yn it easten.
[bewurkje seksje] Lânskip
Sûdan hat it grutste lânoerflak fan Afrika. It lân wurdt fan súd nei noard trochsnijd troch de rivier de Nyl, de Wite Nyl en de Blauwe Nyl. By de haadstêd Kartûm komme de Wite- en de Blauwe Nyl tegearre yn de eigentlike Nyl, dy't dêrfan fierders streamt nei Egypte en útmûnet yn de Midlânske See.
Grutte sompe-gebieten fan de Sûd, in oerstreamingsgebiet fan de Wite Nyl skiedt it noarden fan it suden, dêr't it lân rûchwei troch yn twa geografyske helten útinoar falt. It noarden bestiet foar it meastepart út woastyn sûnder fegetasje en makket diel út fan de Sahara. It suden fan Sûdan is bercheftich mei tropyske reinwâlden.
[bewurkje seksje] Skiednis
De iere skiednis fan Sûdan stie yn it teken fan it Alde Egypte dêr't it gebiet in ûnderdiel fan foarme. Pas om-ende-by 1000 f.Kr. ûntstie in eigen keninkryk. Nei in rige Kristlike riken folge mei de opkomst fan de islam in tanimmende islamisering fan it gebiet troch Arabyske stammen (ein 13e ieu). Sûdan waard doe meastentiids fanút Egpte regearre. Yn de 19e en 20e ieu wie Sûdan feitlik in Britske koloanje.
Sûnt de ûnôfhinklikens yn 1956 liede religieuske tsjinstellingen tusken it islamityske noarden en kristlike suden hieltyd ta reboelje en skeine fan minskerjochten.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
Bylâns de rivieren yn it noarden lizze de fruchtberste gebieten fan it lân mei in grutte befolkingskonsintraasje. De befolking dy't hjir wennet is Arabysk en de islam is de oerhearskjende religy. De befolking yn it suden heart ta in oare etnisiteit as it noarden en is wat religy oangiet fral kristlik en oanhingers fan natoerreligys. Ekonomysk is it suden minder ûntwikkele as it noarden.