Sompe

Ut Wikipedy
In sompe by Anderen yn Drinte.

In sompe (of somp), ek moeras of ûnlân, is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei't it stadichoan wer opdrûget.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sompen wurde karakterisearre troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte gerssoarten te finen. Ek reid, tuorrebout en oare krûdeftige plânten binne in protte te finen yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol farsk- as sâltwetter wêze. Tsjintwurdich sprekt men ek gauris oer in wetland. Foar guon fûgels is in sompe de wichtichste lokaasje as briedplak.

Yn wêzen is in moeras in tuskenfaze yn de ûntwikkeling dy't yn stân hâlden wurdt troch bisten of minsken. By bisten moate wy tinke oan bygelyks de Eastfardersplassen yn Flevolân. Hjir hâlde guozzen harren eigen libbensgebiet yn stân troch it iten fan reid. As der in tiidlang lykwols neat bart, dan sil in sompe stadichoan ‘ferlânje’. It wurdt dan dus wer gewoan lân.

Oan de kust bestean ek sompen, de saneamde ‘tijmoerassen’. Dizzen binne meastal te finen by de mûnings fan rivieren en tusken sânbanken tichtby de kust en it fêstelân. Se besteane út gebieten mei in protte sân of tinne klaai.

By in sompe fynt faak in ôfbraak proses plak fan deade planten en bisten. Dit proses produsearret gassen dy’t moerasgassen hjitte. Dat gas kin troch sels-ûntflamming as dwaalljocht, in ljochtblau ljocht, boppe in sompe sjoen wurde.

Hjoed de dei wurde troch minsken ek wel keunstmjittige moerassen oanlein om bygelyks ôffalwetter út fifers te suverjen.

Foarbylden fan sompen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In foto fan in sompe yn Florida.

Noard-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Súd-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jeropa[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Afrika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oseaanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.