Religy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
ReligijneSymbole.svg

Religy is it leauwen yn it hillige of boppenatuerlike, en de struktueren en hannelings dy't dêrmei ferbân hâlde. Dit leauwen kin fêstlein wêze yn hillige teksten, of trochjûn wurde yn in mûnlike tradysje. Yn dy boarnen kin in inkelde god beskreaun wêze, of de etyk fan 'e leauwenden, mar ek wiidfiemjende mytologyen.

Hoewol't oan it begjin fan 'e ienentweintichste ieu benammen yn West-Jeropa de sekularisaasje al mar tanimt, hinget noch altyd in grutte mearderheid fan de wrâldbefolking, sa'n 87,2%, de iene of oare religy oan. Lykwols is der sûnt de ein fan de 18e ieu ek in streaming, it ateisme, dy't religy no krekt ôfwiisd.

Der binne sterke oanwizings om der fanút te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minsken oanberne is. Dat betsjut dat it yn begjinsel net eat is wat harren troch foarsten of preesters oplein of oanpraat is, mar út de minsken sels komt, en dêrmei fan alle tiden is en yn alle maatskippijen bestean kin. Los fan 'e fraach at sokke leauwensoertsjûgings op wurklikheid berêste, mei oare wurden, at der boppenatoerlike wêzens of in hjirneimels besteane, eat dat de wittenskip bewize noch ûntkrêftsje kin, lykje de measte minsken se nedich te hawwen om te besykjen útdrukking te jaan oan 'e sin en de mystearjes fan it libben.

Religiositeit wurdt dêrom wol beskôge as in wichtige skiedsline tusken minsk en bist. Beide ite, drinke, sliepe, kommunisearje en plantsje har fuort, mar allinne minsken soenen de geastlike fermogens en it selsbewustwêzen hawwe om nei te tinken oer wêr't se wei komme, wêr't se hinne geane en wat de sin fan it libben is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Portal.svg Tema:Religy – Oersjoch fan Wikipedy siden oer religy