Rûanda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Republika y'u Rwanda
République Rwandaise
Republic of Rwanda
Flagge fan Rûanda Wapen fan Rûanda
Flagge Wapen
Lokaasje fan Rûanda
Offisjele taal Kinyarwanda, Frânsk, Ingelsk
Haadstêd Kigaly
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
km²
5,3­%
Ynwenners
Munt Rwandese frank (RWF)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 1 july
Lânkoade RWA
Ynternet .rw
Tillefoan 250

Rwanda is in lân yn Sintraal-Afrika. Haadstêd is Kigaly.

It lân wurdt begrinzge troch:

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Hûtûs wennen ynearsten yn Rûanda doe't yn de 15e ieu de Tûtsys harren ek yn it gebiet fan Rûanda-Bûrûndy (de tsjintwurdige republiken Rûanda en Bûrûndy) festigen. Op in bepaald stuit wienen der twa keninkriken Rûanda en Ûrûndy mei de Tûtsys as feodale hearskjende klasse. Op 'e ein fan de 19e ieu waarden beide lannen troch de Dútsers ynliifd by Dútsk East-Afrika.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Rûanda troch Belgje bestjoerd as mandaat-gebiet fan de Folkebûn, letter fan de Feriene Naasjes. Yn july 1959 ferstoar de Tûtsy kening Matura en ûntstienen der earnstige botsingen tusken Hûtû en Tûtsy en de Tûtsys, dy't mei 9% fan de befolking yn de minderheid, harren oermacht kwytrekken. Yn 1961 waard de republyk útroppen, mei as presidint de evenredige Hûtû-lieder G. Kayibanda. Sûnt dy tiid brutsen hieltyd wer bloedige twisten út, mei as djiptepunt de massaslachtingen fan 1994 mei sawat 1 miljoen deaden.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Gorillamem mei baby yn it Nasjonaal Park Firunga

Rûanda is in lyts lân yn Sintraal-Afrika mei in oerflakte fan 26.338 km². It leit in pear graden ten suden fan de evener. Rûanda is oerwegend in bercheftich lân, dêr't de heechste piken fan yn it westen lizze mei de Firunga-fulkanen op 4507 meter as heechst. De Nyl ûntspringt yn de bergen fan Bûrûndy en Rûanda.

Yn it sintrale en eastlike part fan Rûanda lizze fral sêft gloaiende heechflakten meast bedekke mei gêrslannen en lytse boerepleatsen. Oant-en-mei in hichte fan 2500 meter waakse yn it fochtich-tropysk klimaat reinwâlden en fochtige savanne dy't hegerop oergien yn bamboebosken.

Yn de berchgebieten libje mei útstjerren bedrige berchgorillas dêr't it Nasjonaal Park Firunga foar oprjochten is ter beskerming fan dizze dieren.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De Etnyske befolking bestiet foar 84% út Hûtû, 15% Tûtsy en 1% Twa.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste religy yn Rûanda is it Kristendom. Fan de befolking is 56% katolyk, 12% protestants en 9% moslim. In fearndiel hinget it animisme (natoerreligy oan.

Talen[bewurkje seksje | edit source]

Rûanda beskikt oer trije offisjele talen, Frânsk, Ingelsk en Kinyarwanda. It meastepart fan de bewenners sprekt wol Kinyarwanda, en op de merke yn de stêden wurdt ek in soad Swahily sprutsen. Yn 2008 ferkleare de Rûandeeske regearing dat it Ingelsk mei Kinyarwanda de twa offisjele talen wurde sil ten koste fan it Frânsk .