Taiwan

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


中華民國
Jhōnghuá Mínguó
Flagge fan Taiwan Wapen fan Taiwan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Taiwan
Offisjele taal Sineesk Mandarynsk
Haadstêd Taipei
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
36.000 km²
10,3­%
Ynwenners (2005) 48 miljoen
Munt Taiwaneeske dollar (TWN)
Tiidsône UTC +8
Lânkoade TWN
Ynternet .tw
Tillefoan 886

Taiwan (eartiids ek bekend ûnder de namme Formosa') is sawol in lân as in eilân yn Aazje. De haadstêd is Taipei. Utsein it haadeilân Taiwan bestiet it lân ek noch út njoggen oare eilannen, dêr't seis fan oan de westkant lizze (wêrûnder Chipei Tao, P'Enghu Ch'Untao, Hsichi Yu, Ch'Imei Yu en Liuch'Iu Hsu) en trije oan de eastkant (Kueishan Tao, Lu Tao en Lan Yu).

Taiwan wurdt troch de kommunistyske Folksrepublyk Sina net erkend, mar beskôge as in ôffallige provinsje fan de republyk. Ek troch de mearderheid fan de ynternasjonale mienskip wurdt Taiwan offisjeel net erkend. Lykwols ûnderhâldt it grutste part fan alle steaten yn de wrâld wol aparte ekonomyske en kulturele relaasjes mei Taiwan, meastentiids fia saneamde gesantskippen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Lizzing

It eilân leit eastlik fan Sina en wurdt begrinzge troch:

[bewurkje seksje] Lânskip

Lânskip op Taiwan.

Taiwan wurdt karakterisearre troch it ferskil tusken it eastlike twa-tredde part, foar it meastepart besteande út bergen dy't yn fiif rigen fan it noarden nei it suden fan it eilân rinne, en de flakke sêft roljende greiden yn it westen, dêr't it grutste part fan de befolking wennet.

It berchtme op it eilân is meastentiids ticht beboske mei oer de 60 piken boppe de 3.000 meter. De heechste pyk op it eilân is Yu Shan op 3.952 meter. It klimaat yn it noarden is subtropysk mei in protte delslach, yn it súdwesten lykwols tropysk en tige ûnder ynfloed fan de wintermoesson.


[bewurkje seksje] Skiednis

Taiwan waard yn 1661 diel fan it Sineeske Keizerryk. Yn 1895 stie Sina it eilân ôf oan Japan, mar nei de Twadde Wrâldkriich waard Taiwan wer Sineesk gebiet. Nei de nederlaach yn de boargeroarloch ferplakke de Kwomintang-regearing yn 1949 har setel nei Taiwan. De ferhâlding tusken de regearingen fan Beijing en Taipei bliuwe oant-en-mei hjoed de dei spannen. De macht berêst diels by de presidint dy't nettsjinsteande de parlemintêre grûnwet oer fier geande foegen beskikt.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings