Sûker
Ut Wikipedy
Sûker is de foarm dêr't de swietstof sacharose yn brûkt wurdt. De stof wurdt wûn út de sûkerbyt, it sûkerreid of de sûkerpalm. By it winnen fan de sûker krijt dy in kristalfoarm. It wurd is ut fan de Arabysk "shakar".
Klûntsjes [bewurkje seksje]
Yn it ferline waard sûker yn grutte stikken ferkoft, dy't troch de klant yn lytse klûntsjes brutsen waarden. Dêrom wurdt sûker foar tee of kofje hieltyd noch wol yn klûnten brûkt. No binne dat lykwols yn it fabryk foarfoarme klûntsjes.