Fredespaleis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foaroansjoch

It Fredespaleis is de sit fan it Permanint Hof fan Arbitraazje, it Ynternasjonaal Gerjochtshof fan de Feriene Naasjes, de Haachske akademy foar Ynternasjonaal Rjocht en fan in grutte rjochtsbibleteek, de Bibleteek fan it Fredespaleis.

It paleis is ek geregeldwei de gasthear fan ferskate eveneminten op it mêd fan ynternasjonaal rjocht en polityk. It leit yn it súdeasten fan de wyk Zorgvliet yn De Haach.

Konsepsje[bewurkje seksje | edit source]

It idee fan it Fredespaleis kaam fuort út in diskusje yn 1900 tusken de Russyske diplomaat Friedrich Martens en de Amerikaanse diplomaat Andrew Dickson White, oer de needsaak fan passende húsfêsting foar it Permanint Hof fan Arbitraazje, dat oprjochte wie yn de earste Fredeskonferinsje fan De Haach yn 1899. White naam hjiroer kontakt op mei syn freon, de woldogger, Andrew Carnegie. Carnegie wie net daliks optein en woe ynearsten allinnich in bydrage leverje foar it oprjochtsjen fan in bibleteek foar ynternasjonaal rjocht. White wist him lykwols oer te heljen, en yn 1903 gie Carnegie akkoard mei in donaasje fan 1,5 miljoen dollar (3,7 miljoen gûne) foar de bou fan in fredestimpel, dêr't it Arbitraazjehof yn hûsfêste wurde soe, en dêr't ek in bibleteek yn makke wurde soe. Earst woe Carnegie it bedrag streekrjocht oan Keninginne Wilhelmina skinke, mar wetliike beheinings stienen soks net ta, en yn novimber 1903 waard de Carnegie Stichting oprjochte “ta it bouwen, ynrjochtsjen en ûnderhâlden fan in rjochtsgebou, en in boekerij foar it Permaninte Hof fan Arbitraazje”. Dizze stichting is noch altiten ferantwurdlik foar it behear en de administraasje fan it Fredespaleis.

Bou[bewurkje seksje | edit source]

Yntreehal

Om ta in goed ûntwerp te kommen, waard in ynternasjonale priisfraach útskreaun. It winnende ûntwerp, yn de Neorenêssânsistyske styl kaam fan de hân fan de Frânske arsjitekt Louis M. Cordonnier. Om it gebou binnen it budzjet opleverje te kinnen, moast it ûnwerp lykwols al oanpast wurde. Dit barde troch Cordonnier en syn Nederlânske associé Van der Steur. It paleis wie ûntwurpen met twa grutte klokketuorren en twa lytsere tuorren oan de efterside. Ien grutte toer, in saneamde Praachske toer, en ien lytse toer bleaunen oer yn it úteinlike gebou. Boppedat waard it aparte bibleteekgebou yn it paleis sels yntegrearre. De tunen fan it paleis bine ûntwurpen troch de Ingelske túnarsjitekt Thomas Mawson, dy't ek inkele bylden en fonteinen út syn ûntwerp nimme moast oan in de budzjettêre easken foldwaan te kinnen.

It paleis stiet fol mei geskinken fan de dielnimmers fan de Haachske Konvinsje as teken fan harren steun. Under de geskinken binne: in jaspisfaas fan 3200 kilo út Ruslân, jitizeren en koperen doarren út Belgje, moarmer út Itaalje, in fontein út Denemark, muorretapiten út Japan, de klok fan de klokketoer út Switserlân (de klok wurdt triedleas út Switserlân op tiid hâlden) en hout út Yndoneezje en de Feriene Steaten fan Amearika.

Yn it paleis steane ek bylden, bústes en portretten fan ferskillende foarfjochters fan de frede út alle tiden.

Yn 1907 waard symboalysk de earste stien setten by de twadde Fredeskonferinsje fan De Haach. De bou begûn wat letter en it paleis waard yn 1913 oplevere en op 28 augustus 1913 offisjeel iepene troch keninginne Wilhelmina, bywenne troch, ûnder oare, Andrew Carnegie.

Op het plein, lizzend foar it paleis wurdt geregeldwei protestearre tsjin ynternasjonale misstannen op it mêd fan de polityk en rjocht.
Yn 1999 waard in ivige fredesflam njonken de yngong setten. Begjin 2007 is efter it Fredespaleis de nijbou iepene. Hjiryn sit de Bibleteek en de Haachske Akademy.

Bewenners[bewurkje seksje | edit source]

De hoven wurkje ûnôfhinklik fan elkoar, hoewol't se gebrûk meitsje fan deselde ynternasjonale rjochters.

Oarlochsmonumint

Monuminten[bewurkje seksje | edit source]

  • Neist de yngong fan it Fredespaleis stiet de Ivige fredesflam.
  • Op it plein foar it Fredespaleis (it Carnegieplein) stiet it Haachsk Betinkingsmonumint 1940-1945, in modern oarlochsmonumint.
  • Midden yn it blommeperk foar de yntree stiet in peal met yn meardere talen: 'Paad nei de frede'.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Peace Palace en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.