Feriene Steaten
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Gjin | ||||
| Haadstêd | Washington, D.C. | ||||
| Steatsfoarm | Federale republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
9.372.610 km² 2,2% |
||||
| Ynwenners (2000) | 281.421.906 | ||||
| Munt | Amerikaanske dollar (USD) | ||||
| Tiidsône | UTC -5 oant -10 | ||||
| Nasjonale feestdei | 4 july | ||||
| Lânkoade | USA | ||||
| Ynternet | .us | ||||
| Tillefoan | 1 | ||||
De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, in federaasje fan 50 steaten. Dêrfan lizze 48 tegearre, en dy groep grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan. Alaska grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Hawaï leit yn de Stille Oseaan. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne. De presidint fan de Feriene Steaten is Barack Obama.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinintale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline wengebiet fan in grut tal lânseigen Amerikaanske folken en waard fan de 16e ieu ôf kolonisearre troch Spanje, Frankryk, Nederlân en Ingelân. As resultaat fan de Frânske en Yndiaanske kriich fan 1754 oant 1763, naam Grut-Brittanje de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan Kanada en parten fan it hjoeddeistige Illinois en Ohio. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersette tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Trettjin koloanjes ferklearren yn 1776 harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich. Yn 1783 erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en waard in regear foarme dat yn 1789 aktyf waard. Yn de rin fan de folgjende ieu ûntstienen hieltyd gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan 1861 oant 1865 ta in boargerkriich. De ein fan de 19e ieu koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialisaasje en tafloed fan miljoenen ymmigranten. Yn de 20e ieu hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de Earste en Twadde Wrâldkriich.
Yn de Kâlde Kriich fochten de Feriene Steaten en de Sowjetuny as supermachten om Jeropa en foar mear sizzenskip yn de wrâldpolityk. De Feriene Steaten besocht dat fia de NAFO, de kommunistysk Sowjets hienen dêrfoar harren eigen alliânsje, it Warsjaupakt. Alhoewol't it net ta in direkte kriich kaam, fochten Amerikaanske troepen tsjin kommunistyske Sineeske troepen yn de Korea Kriich fan 1950-53. De Sowjets makken yn 1961 de earste bemande romtereis, de Amerikanen hienen yn 1969 as earste in man op de moanne krigen. De spanningen tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny wienen op in hichtepunt doe't de Sowjetuny nukleêre wapens op Kuba stasjonearre. Yn de sechtiger jierren groeide de minskerjochtebeweging ûnder Martin Luther King. Nei de deadlike oanslach op Kennedy yn 1963, waard de Civil Rights Act fan 1964 en de Voting Rights Act fan 1965 ratifisearre ûnder presidint Lyndon B. Johnson. Tusken 1959-75 fochten Amerikaanske troepen tsjin de kommunistyske Fietkong yn de ûnsúksesfolle Fietnam-kriich. Mei de tiid boaze it tal tsjinstanners fan de kriich oan, it swarte nasjonalisme groeide, it feniminisme groeide en út de Feriene Steaten wei wreide de seksuele revolúsje him út oer de westerske wrâld. Troch it Watergate skandaal fan 1974 waard Richard Nixon de earste Amerikaanske presidint dy't ôftrede moast foar de ein fan syn presidintstermyn. Jimmy Carter waard twa kear keazen as presidint. Hy wie benammen sterk yn diplomasy mei de Sowjetuny. Mei de fal fan de Sowjetuny kaam der in ein oan de Kâlde Kriich.
Nei de Kâlde Kriich bleau de Feriene Steaten oer as iennige supermacht op ierde. Dêrby hienen hja ek in liedende rol yn de Golf Kriich en de kriich yn it eardere Joegoslaavje. Troch in seksskandaal yn 1998 kaam Bill Clinton wat nuver yn it nijs, mar hy bleau sitten as presidint. By de presidintsferkiezings fan 2000 waard George W. Bush presidint. Op 11 septimber 2001 fleane Al Kaida terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn New York City, it Pentagon by Washington, D.C., likernôch trije tûzen minsken rekken dêrby dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism". Dy't oan 'e ein fan 2001 begûn mei in Amerikaanske ynvaasje yn Afganistan, dêr't de Amerikanen de Taliban by út it lân reagen. De Taliban feroare har taktyk en begûn mei in guerilja kriich. Yn 2002 woe it Bush regear in rezjymwiksel yn Irak ha. De NAFO en de Feriene Naasjes stipen de Feriene Steaten hjirby net, wêrtroch it Bush regear begjint mei in "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen). De koalysje foel Irak oan yn 2003 en mei in moanne wie de Irakkriich wûn en de diktator Saddam Hussein fuort. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken op it mêd fan minskerjochten.[1] Op 4 novimber 2008, middenmank de kredytkrisis, wurdt Barack Obama keazen as presidint. Hy is de earste swarte presidint fan de Feriene Steaten.
[bewurkje seksje] Geografy
Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oan't yn Wyoming en Kolorado, dêr't in pear fan de heechste toppen fan it Rotsberchte lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.
Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte eindiget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de Bering Strjitte foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de Bering See beheine.
Hawaiï is in rige fan eilânen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas Porto Riko, Gûam en Amerikaansk-Samoa.
[bewurkje seksje] Polityk
De Feriene Steaten fan Amearika hat trije machten. Leden fan it Electoral College kieze alle fjouwer jierren de lieder fan de útfierende macht, de Presidint fan de Feriene Steaten. In presidint wurdt foar fjouwer jier keazen en kin ien kear op 'e nij keazen wurde.
De wetjouwende macht is it Kongres. It Kongres bestiet út twa tûken, it Hûs fan Offurdigen en de Senaat
Mei goedkar fan de Senaat hat de presidint it foech en kies ien fan de 9 rjochters fan it Heechgerjochtshof, de rjochterlike macht. De rjochters fan it Heechgerjochthof wurde beneamd foar it libben. It Heechgerjochtshof hat it foech om te sizzen dat in wet net neffens de grûnwet is wêrtroch de wet ûnjildich ferklearre wurde kin.
[bewurkje seksje] Militêr
De organisaasje fan de Amerikaanske definsje hat fiif haadûnderdielen:
- United States Army (lânmacht)
- United States Navy (marine)
- United States Air Force (loftmacht)
- United States Marine Corps (marinierskorps)
- United States Coast Guard (kustwacht)
Yn 2008 hat de Amerikaanske definsje 1,4 miljoen minsken yn tsjinst (útsein Coast Guard en National Guard). Yn 2003 wie it budzjet fan de Amerikaanske definsje 370,7 miljard dollar.
[bewurkje seksje] Steaten
De neikommende steaten binne meiïnoar de Feriene Steaten.
Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Florida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij Hampshire - New York - Nij Jersey - Nij Meksiko - Noard Dakota - Noard Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd Dakota - Súd Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West Firginia - Wyoming - Wiskonsin
By de ûnôfhiklikensferklearring yn 1776 wienen der mar 13 steaten.
Alaska is de grutste steat (1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4.003 km²). Kalifornje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e ieu ûnderfûnen Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas in rap woeksen fan it tal ynwenners, West Firginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners yn dyselde rite.
[bewurkje seksje] Stêden
De seis grutste stêden fan de Feriene Steaten binne:
In seleksje fan oare grutte stêden: Boston, Pittsburgh, Baltimore, Richmond, Firginia Beach, Charlotte, Atlanta, Jacksonville, Tampa, Miami, Cleveland, Kolumbus, Cincinnati, Detroit, Indianapolis, Milwaukee, Minneapolis, Saint Louis, Nashville, Memphis, New Orleans, Oklahoma Stêd, Dallas, Austin, San Antonio, El Paso, Albuquerque, Denver, Salt Lake City, Washington, Tucson, San Diego, Long Beach, Las Vegas, Seattle, Portland, Sacramento, San Francisco, San Jose, Fresno en Honolulu.
[bewurkje seksje] Demografy
Yn 1776 hie it lân mar 3 miljoen ynwenners, yn 1915 wienen dat 100 miljoen en yn 1968 200 miljoen ynwenners. Yn 2009 wenje yn de Feriene Steaten nei skatting sa'n 307 miljoen minsken.[2].
Mear as 79% fan de befolking wennet yn 'e stêden (dêr't mear as de helte fan yn 'e plakken om de grutte stêden hinne wennet). Likernôch 70% fan de ynwenners is fan Jeropeeske komôf, mar dat persintaazje wurdt minder omdat oare groepen har yn it lân ta wenjen sette, en de ynwenners fan Jeropeeske komôf net safolle bern krije as de oare groepen. Neffens de folkstelling fan 2000 wie de grutste minderheid Latino, dy't mei 35.305.818 minsken binne, dat is 12,5% fan de befolking. Dat sifer omfiemet minsken fan Meksikaanske, Puerto-Rikaanske en Kubaanske oarsprong. De Afrikaansk-Amerikaanske befolking wie 34.658.190, dat is 12,3% fan de befolking, hoewol't in oare 0,6% mar foar in part Afrikaansk-Amerikaansk is. De Aziatyske befolking hie 10.242.998 minsken yn 2000, dat is 3,6%, en foar it meastepart binne dy fan Sineeske, Filipynske, Indiase, Fiëtnamesen, Koreaanske of Japânske oarsprong. De ynlânske Amerikaanske befolking fan de Feriene Steaten, lykas Eskimo's yn Alaska en op de Aleoeten, hawwe 2.475.956, dat is 0,9%. Rûchwei in tredde fan ynlânske Amerikaanske befolking libbet yn reservaten, tasein lân, of oar lân mei ynlânsk Amearikaansk tafersjoch. Der wienen 398.835 Hawajanen en oare Pasifyske eilânbewenners yn 2000. Dat is 0,1% fan de befolking.
[bewurkje seksje] Ekonomy
De Feriene Steaten ha de grutste ekonomy op de wrâld, it BYP per persoan is $45.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,2% lânbou, 19,8% yndustry en 79% tsjinsten. It is in eigen ynterne ekonomy en de ynfloed fan bûtenlânske bedriuwen is navenant lyts. Op technologysk, medysk, militêr en romtefeart mêd rint de Feriene Steaten foarop mei de ûntwikkeling fan nije produkten. Grutte en lytse ûndernimmers ha mear frijheid as dy yn de Jeropeeske Uny en Japan by it meitsjen fan nije produkten of it ûntslaan/oannimme fan meiwurkers.
De oanslaggen fan 11 septimber op it WTC, de kriich yn Afganistan, de Irakkriich en orkaan Katrina ha de ekonomy skeind, mar is dêrnei weromkaam op it eardere nivo. Troch de hypoteekkrisis en de gefolgen dêrfan foar de banken, is sûnt healwei 2008 de kredytkrisis ûntstien.
[bewurkje seksje] Nasjonale Feestdagen
Der binne tsien merkeldagen dy't troch it bûnsregear oanwiisd binne. Hoewol dy strikt sjoen allinnich jilde foar minsken dy't foar it bûnsregear wurkje, wurde dizze dagen ornaris ek oernaam troch it regear fan de steaten apart, en is ek fierder hast eltsenien frij.
- Nijjier, 1 jannewaris
- Martin Luther Kingdei, tredde moandei yn jannewaris
- Washingtons Jierdei, tredde moandei yn febrewaris
- Betinkingsdei, lêste moandei fan maaie
- Unôfhinklikhidsdei, 4 july
- Dei fan de Arbeid, earste moandei fan septimber
- Kolumbusdei, twadde moandei yn oktober (wurdt allinnich fierd yn steaten mei in grut tal Amerikaanske-Italjanen)
- Feteranedei, 11 novimber
- Tankdei, fjirde tongersdei yn novimber
- Kryst, 25 desimber
De yndividuele steaten ornearre sels de offisjele feestdagen foar harren steat. Iepenbiere ynstellings binne mei dy dagen al sletten, mar fral foar dagen dy't net bûnswiid jilde folgje bedriuwen net altyd de oanrekkommendaasje fan de steat, en wurkje dan gewoan troch.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Kâlde Kriich
- List fan Amerikaanske presidinten
- Ynternasjonale organisaasjes dêr't de F.S. lid fan is: APEC, NAFTA, NAFO, Organization of American States, Feriene Naasjes
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
