Kalifornje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of California
Vlag van Californië Zegel van Californië
Map of USA highlighting California.png
Ofkoarting CA
Haadstêd Sakraminto
Tiidsône -8
Algemien
Oerflakte 411.049
Befolking 36.457.549 (2006)
Oare ynformaasje
Tatreden 9 septimber 1850
Oantal countys 58

Kalifornje (Ingelsk, California) is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. It is ien fan de grutste Amerikaanse steaten. De haadstêd is Sakraminto. Oare grutte stêden binne Los Angeles, San Diego, en San Fransisko.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Spaanske Konkwistadore Hernán Cortés, dy't in ein makke oan it Aztekenryk yn Meksiko wie de earste Jeropeaan dy't foet yn Kalifornje sette, op syk nei goud.

In oare Spanjert Juan Rodriques Cabrillo sylde yn 1542 de Baai fan San Diego binnen en kleemde it nije territoarium foar Spanje dat yn dy tiid bewenne waard troch yndianestammen. Ek oare Jeropeeske lannen as Ingelân en Ruslân hawwe oanspraak makke op it gebiet dat lykwols sûnt 1769 troch de Spanjerts kolonisearre waard. Yn 1821 waard it gebiet alhiel tawiisd oan Meksiko dat him ûnôfhinklik ferklearre fan Spanje.

Lykwols kamen hieltyd mear Amerikaanske kolonisten nei Kalifornje. Yn 1846 ûnstie der kriich tusken Meksiko en de Feriene Steaten, de saneamde Meksikaanske-Amerikaanske Oarloch dy't troch de Feriene Steaten wûn waard. De Meksikanen moasten ôfstân dwaan fan Kalifornje.

In affiche oer de goldrush

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Doe’t op 24 jannewaris 1848 troch John Marshall yn it stedsje Koloma, by Sakramento, goud fûn waard kaam de Kalifornyske Goudkoarts op gong. Marshall fûn it goud yn de American River, en mei syn fynst wie it dien mei de rêst yn it gebiet. Hûnderttûzenen goudsikers kamen fan it easten nei it westen. It smite in soad minsken in soad jild op. Ek no wurdt der noch altyd troch profesjonele goudsikers nei goud socht yn it gebiet.

De twadde grutte ymmigraasjegolf nei it gebiet wie yn de 30er jierren fan de 20e ieu. It wienen no boeren dy’t út it droege midden fan it lân nei it westen kamen. Mei de komst fan de boeren kaam ek de lânbou yn de steat op gong. Benammen sitrusfruchten en konsumpsjedruven waarden der ferboud.

In nije, tredde, ymmigraasjegolf ûntstie nei de Twadde Wrâldkriich yn 1945. Doe’t de Amearikaanske yndustry har tige útwreide en letter ek de romtefeart en de televyzje kamen. Benammen foar de televyzje spilet Hollywood in wichtige (wrâldwide) rol. Ek de lânbou luts oan en makke gebrûk fan in soad (yllegale en dus goedkeap arbeidzjende) Meksikanen. Al tsientallen jierren komme dizze nei Kalifornje, meastal yllegaal. De druveteelt by it noarden fan San Fransisko feroare yn de jierren ’60 fan konsumpsjeteelt nei wyndruveteelt, wat in grut súkses waard, benammen troch de ynspanningen fan de bruorren Gallo. In wichtich elemint yn it Kalifornyske libben wie de grutte groei fan de universiteiten fan de steat. Yn de jierren santich ûntstie der in grutte ICT-yndustry yn it gebiet om de Mountain View hinne. De ICT-yndustry fan Kalifornje is liedend yn de wrâld, mei bedriuwen as Google, Hewlett Packerd en Xerox. It gebiet dêr't dizze bedriuwen fêstige binne wurdt ek wol Silicon Valley neamd. Yn 1984 kaam Toyota nei de steat troch in gearwurking oan te gean mei General Motors.

De ekonomy fan de steat Kalifornje is de achtste grutste ekonomy op Ierde.[1]

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It oerflak fan Kalifornje is 411.049 km² grut en dêrmei is it nei Alaska en Teksas de tredde grutste steat fan de FS. It leit fan noard nei súd bylâns de Grutte Oseaan en grinzet yn it suden oan Meksiko, yn it easten oan de steaten Arizona en Nevada en yn it noarden oan Oregon.

Yn Kalifornje leit it op ien nei heechste punt fan Noard-Amearika (Mount Whitney) en it leechste punt (Badwater, Death Valley), ek steane dêr de heechste beammen yn de wrâld en is it op ien nei hjitste gebiet op ierde.

De steat beskikt oer prachtige natuergebieten, in rike fegetaasje, en der libbet in grut ferskaat oan diersoarten.

Lykop rinnend mei de seekust lizze de Coast Ranges, of it Kustberchtme. It easten wurdt dominearre troch de Sierra Nevada, mei Nasjonale Parken, sa as Yosemite en Kings Canyon. It súdeasten en de Death Valley binne tige hjit.

It klimaat is subtropysk yn it suden, yn it noarden is it wat koeler en de kust hat in seeklimaat.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2006 hie Kalifornje in befolking fan 36,8 miljoen minsken. In tredde hjirfan wie berne yn it bûtenlân. Mear as 60% fan de ynwenners sprekt Ingelsk, 26% Spaansk en 14% oare talen.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

Los Angeles en omkriten[bewurkje seksje | edit source]


San Diego en omkriten[bewurkje seksje | edit source]

San Francisco[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [ http://www.trouw.nl/tera/article2034255.ece/Californie_ontslaat_20.000_ambtenaren_.html], Kalifornje ûntslacht 20.000 amtners (sjoen op 29 oktober 2009)
 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia