Joadendom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Joadendom is de godstsjinst fan it Joadske folk.

It Joadendom is in monoteïstyske godstsjinst. De Joaden leauwe dat er mar ien god is dy't alles makke hat, en dêr't alle wêzens ûnderhearrich oan binne. It is de âldste noch besteande monoteïstyske godstsjinst, en de twa grutte monotheïstyske godstsjinsten, it Kristendom en de Islam, binne fan it Joadendom ôflaat.

Yn de Joadske godstsjinst nimt harren hillige boek de Tenach, dat oerienkomt mei wat yn it Kristendom it Alde Testamint neamd wurdt, in wichtich plak yn. Mei útsondering fan inkele passaazjes yn it Arameesk, is it skreaun yn it Hebrieusk. De Tenach wurdt troch de Joaden sjoen as in iepenbiering fan God.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen