Arameesk
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||
It Arameesk is in West-Semityske taal dy't tsjintwurdich noch mar amperoan praten wurdt. Allinnich yn Syrje by Damaskus en noch in pear doarpkes Ma`loula, Jabadin en Bakha wurdt it sprutsen en earne oars yn it Midden-Easten, ûnder oare troch Arameeske kristenen. Ek yn de Feriene Steaten en Israel wurdt de taal sprutsen troch ymmigranten út Irak, Iran, Turkije en Syrje.
It Arameesk waard eartiids troch in folle gruttere populaasje brûkt. It wie de taal fan de Arameërs. Yn de tiid fan de Assyryske Ryk ferkrong dizze taal stadichoan it Akkadysk en soe úteinlik de fiertaal wurde fan it Perzyske Ryk. Sadwaande waard it oer in grut part fan it Midden-Easten ferspraat, ûnder oare nei Palestina en Jordaanje. In oantal passaazjes fan it Alde Testamint of de Tenach is yn dizze taal skreaun, ynstee fan it Hebrieusk. It moderne Hebrieusk sit grôtfol mei wurden útdrukkings út it Arameesk.
Nei tûzenen jierren driicht de taal yn distiid te ferdwinen troch de flecht fan de Arameesktaligen út harren wengebieten yn it Midden-Easten nei almeast westerske diasporalannen, dêr't it Arameesk ûnder druk stiet fan de dominante kulturen, en alyksa troch de Arabyske taal en kultuer yn har wengebieten.
De rabbynske skriften binne it meastepart skreaun yn it Arameesk, hoewol't it Hebrieusk de taal is foar de joadske liturgy en rituelen. Jezus Kristus spruts nei alle gedachten tsjin syn taharkers yn it Arameesk.
[bewurkje seksje] Tellen
| Frysk | Ald Arameesk | Modern Arameesk [m] | Modern Arameesk [v] |
|---|---|---|---|
| ien | chad | ha | hdo |
| twa | te'reen | trè | tartè |
| trije | te'lata | tlotho | tloth |
| fjouwer | arre'be'a | arbo | arba |
| fiif | chamme'sja | hamsjo | hamesj |
| seis | sjieta | esjto | sjeth |
| sân | sjiebe'a | sjow'o | sjwa' |
| acht | te'manne'ja | tmunjo | tmonè |
| njoggen | tiesje'a | tesj'o | tja' |
| tsien | ase'r | asro | hsar |
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
www.midyatcity.com (Artikels yn it Ingelsk & Nederlânsk)