Anty-Libanon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Satellytbyld dêr't de mei snie bedekte berchketen de Libanon (links) en de Anti-Libanon (rjochts) goed te sjen binne.

De Anty-Libanon is in berchketen op de grins fan Libanon en Syrje. De namme 'Anty-Libanon' liket wat nuver. 'Anty' soe yn de hjoeddeiske oersetting 'tsjinoer' betsjutte ynstee fan inkeld 'tsjin'. De lingte fan dizze berchketen is om-ende-by 150 kilometer en rint likernôch noard-súd. De heechste berch is de berch Hermon (Dschabal ash-Shaichبل الشيخ) mei in hichte fan 2814 meter op de grins mei Syrje, Libanon en de troch Israel beset holden Golanhichte. De wetterskieding fan it geberchte foarmet foar it meastepart de grins. Westlik fan de berchketen leit de Bekafallei en eastlik leit de Helbunfallei, dêr't de stêd Damaskus yn leit.

Sjoch ek[bewurkje seksje]