Syrysk-Otterdokse Tsjerke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Syrysk-Otterdokse Tsjerke
offisjele namme: ܥܕܬܐ ܣܘܪܝܝܬܐ ܬܪܝܨܬ ܫܘܒܚܐ ܕܐܢܛܝܘܟܝܐ
ʿĪdto Suryoyto Triṣaṯ Šuḇḥo d-Anṭiuḵiya
Syryske Otterdokse Tsjerke fan Antiochië
jier f. stifting: ±35 n.Kr.
jier f. ûnôfhinkl.: 451 (fan de Roomsk-Katolike Tsjerke)
erkenning: 1984 (troch de Roomsk-Katolike Tsjerke)
titel f.d. primaat: patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten
sit f.d. primaat: Damaskus (Syrje)
liturgyske taal: Syrysk
ledetal: 1.430.000 (neffens de Wrâldrie fan Tsjerken)
3.430.000 (ynkl. de Jakobityske Syryske Kristlike Tsjerke)

De Syrysk-Otterdokse Tsjerke, folút: de Syryske Otterdokse Tsjerke fan Antiochië (Syrysk: ܥܕܬܐ ܣܘܪܝܝܬܐ ܬܪܝܨܬ ܫܘܒܚܐ ܕܐܢܛܝܘܟܝܐ, ʿĪdto Suryoyto Triṣaṯ Šuḇḥo d-Anṭiuḵiya), is in kristlike tsjerke fan oriïntaalsk-otterdokse synjatuer. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten, waans sit (sa't syn titel al oantsjut) histoarysk yn Antiochië wie, mar dy't hjoed de dei yn 'e Syryske haadstêd Damaskus residearret. De Syrysk-Otterdokse Tsjerke brûkt it Syrysk, in deade taal dy't nau besibbe is oan it Arameesk, as tsjerketaal. De bibelske kanon fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke giet werom op 'e âlde bibeloersetting yn it Syrysk, de Peshitta.

Oanhing en fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de Wrâldrie fan Tsjerken hat de Syrysk-Otterdokse Tsjerke 1.430.000 leden. Likernôch in miljoen dêrfan wiene oant koartby yn it Midden-Easten te finen, wylst de rest om utens libbe, benammen yn Noard-Amearika, Jeropa en Austraalje. Sûnt 2000 binne troch de oarloggen yn Irak en Syrje almar mear kristenen út dy lannen weiflechte, mei dêrûnder ek Syrysk-otterdoksen.

Neffens resinte skattings soene der no 680.000 Syrysk-otterdoksen yn Syrje libje; 50.000 yn Libanon; minder as 50.000 yn Irak; 30-40.000 yn Jordaanje; 5.000 yn súdeastlik Turkije; 5.000 yn Palestina; en 2.000 yn Israel. De diaspoara is it sterkst konsintrearre yn 'e Feriene Steaten, Sweden en Dútslân. Yn Nederlân binne der likernôch 15.000 Syrysk-otterdoksen, dy't benammentlik út Turkije komme en har yn Twinte nei wenjen set hawwe. De Syrysk-Otterdokse Tsjerke hat alve parochys yn Nederlân: 3 yn Hingelo, 3 yn Ynskedee, 2 yn Amsterdam en 1 elk yn Rijssen, Oldenseal en Badhoevedoarp.

De Jakobityske Syryske Kristlike Tsjerke, yn 'e Súdyndiaaske steat Kerala, foarmet in yntegraal, sij it fierhinne selsbestjoerend diel fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke, en erkent it gesach fan 'e Syrysk-Otterdokse patriarch fan Antiochië. Mei de 2 miljoen leden fan dy tsjerke komt de totale oanhing fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke op 3.430.000.

It totale oantal Syrysk-otterdokse kristenen leit lykwols heger, mei't de Malankara-Otterdokse Syryske Tsjerke, ek yn Kerala, yn 1912 fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke ôfspjalte is, en der sûnt dy tiid bestjoerlik sjoen hielendal los fan stiet. De Malankara-Otterdokse Syryske Tsjerke, ynkl. de dêr ûnderdiel fan útmeitsjende Brahmavaarske (Goaanske) Otterdokse Tsjerke yn 'e steat Goä, hat teminsten 3 miljoen leden.

In Syrysk-otterdokse tsjerke te Midyat, yn Turkije.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

De Syrysk-Otterdokse Tsjerke beweart werom te gean op ien fan 'e earste kristlike gemeenten, dy't yn it jier 35 of dêromtrint stifte waard troch de apostel Petrus, sa't beskreaun stiet yn it nijtestamintyske bibelboek Hannelingen fan de Apostels (11:26). Yn 451 fûn der op it Konsylje fan Galsedon in skisma plak, wêrby't it grutste, westerske part fan tsjerke it learstik oannaam dat Jezus Kristus ien persoan wie mei twa folsleine natueren, de iene minsklik, de oare godlik. Guon lytsere, easterske dielen fan 'e tsjerke fersmieten dit dogma, en holden ynstee fêst oan 'e lear fan it Earste Konsylje fan Efeze (431), dat Jezus it godlike en it minsklike feriene yn ien wêzen (de lear fan it monofysitisme). Sa ûntstiene de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dêr't ek de Syrysk-Otterdokse Tsjerke ta heart.

Pas yn 1984 fûn der in fermoedsoening plak mei de Roomsk-Katolike Tsjerke. Dêrby lieten de Syrysk-otterdokse patriarch Ignatius Zakka I Iwas en paus Jehannes Paulus II tegearre in ferklearring útgean wêryn't se stelden dat it skisma fan 451 "inkeld feroarsake waard troch ferskillen yn terminology en kultuer en yn it ferskaat oan formulearrings dat troch de ferskillende teologyske skoallen brûkt waard om deselde saken mei út te drukken."

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De kristologyske strideraasjes dêr't it Konsylje fan Galsedon op útrûn, feroarsaken yn Antochië (dat ek de sit wie fan it galsedoanyske Gryksk-Otterdokse Patriarchaat fan Antiochië) in lange wrakseling tusken de foar- en tsjinstanners fan 'e nij oannommen learstikken. Yn 518 waard de Syrysk-otterdokse patriarch Sevearus sels út 'e stêd ferballe en moast er útwike nei it Egyptyske Aleksandrië. Troch de ynterkristlike deilisskippen en guon histoaryske opskuorren, lykas de Krústochten, wie it Syrysk-otterdokse patriargaat yn 'e Midsieuwen withoelang fêstige yn ûnderskate kleasters yn Mesopotaamje. Yn 'e trettjinde ieu waard de sit fan it patriargaat oerbrocht nei it Mor Hananyo-kleaster yn súdeastlik Anatoalje, dêr't it oant 1933 ta bleau. Fanwegen politike omtinkens waard it dat jiers oerbrocht nei it Syryske Homs, en yn 1959 nei Damaskus, dêr't it haadkertier fan it patriargaat hjoed de dei noch fêstige is, al is de eigentlike sit fan 'e patriarch it Mar Aphrem-kleaster, yn Ma'arat Sayyidnayah, likernôch 25 km benoarden Damaskus.

Oekumene[bewurkje seksje | edit source]

De Syrysk-Otterdokse Tsjerke is tige aktyf yn oekumenyske dialogen mei oare tsjerken, en is sûnt 1960 lid fan 'e Wrâldrie fan Tsjerken. Patriarch Ignatius Zakka I Iwas hat in oantal jierren foarsitter fan dy organisaasje west. Fierders ûnderhâldt de Syrysk-Otterdokse Tsjerke oekumenyske relaasjes mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en mei de eastersk-otterdokse tsjerken. Sûnt 1998 moetsje de lieders fan 'e trije oriïntaalsk-otterdokse tsjerken yn it eastlike Middellânske-Seegebiet (de Syrysk-Otterdokse Tsjerke, de Koptysk-Otterdokse Tsjerke en it Katolikosaat fan Silysje fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke) inoar ien kear yn 't jier om te oerlizzen oer mienskiplike problemen en om 'e ûnderlinge bannen oan te heljen. Fia de Middeneastlike Rie fan Tsjerken, dêr't de Syrysk-Otterdokse Tsjerke sûnt 1974 lid fan is, bestiet der ek kontakt mei oare tsjerken yn it Heine Easten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]