Peshitta

Ut Wikipedy
De Peshitta-tekst fan Eksodus 13:14-16 (út 464).

De Peshitta, yn it Syrysk: ܦܫܝܛܬܐ, Pšīṭtā ("Ienfâldige" of "Miene"; folút: ܦܫܝܛܬܐ ܡܦܩܬܐ, Mapaqtā Pšīṭtā, wat "Ienfâldige Foarm" of "Miene Foarm" betsjut), is de standertferzje fan 'e kristlike Bibel foar de tsjerken fan 'e Syryske tradysje. De Peshitta ferfollet deselde rol foar it Syrysk as de Septuaginta foar it Gryksk en de Fulgaat foar it Latyn.

It Alde Testamint waard nei alle gedachten yn 'e twadde iuw út it Hebriuwsk wei oerset yn it Syrysk (yn in kanon dêr't û.m. ek Psalm 151, de Psalmen 152-155 en 2 Barûch ta rekkene wurde) en it Nije Testamint om deselde tiid hinne út it Gryksk wei. Sa ûntstie de Peshitta, yn 't earstoan noch sûnder de fiif omstriden nijtestamintyske boeken 2 Petrus, 2 Jehannes, 3 Jehannes, Judas en Iepenbiering. Dy fiif teksten waarden yn 616 tafoege yn 'e oersetting fan Tomas fan Harqel. De Peshitta fan 'e United Bible Society, út 1905, makket foar de missende boeken lykwols gebrûk fan nije oersettings troch de Ierske syriasist John Gwynn.

Fan 'e fyfde iuw ôf waard de Peshitta yn it Heine Easten rûnom brûkt, en hy oefene dan ek grutte misjonêre ynfloed út op 'e earste Georgyske, Armeenske, Arabyske en Perzyske bibeloersettings. It ferneamde nestoriaanske klaaitablet fan Sing-An-Fu bewiist dat de Peshitta yn 'e sânde iuw yn Sina bekend wie.

Hy waard foar it earst nei it Westen ta brocht yn 1555, troch de Syryske preker Mozes fan Mindin, dy't him foar it earst printsje litte woe, mar dêrfoar om 'e nocht om in patroan socht yn Rome en Feneesje, oant er yn Wenen ien fûn yn 'e persoan fan 'e keizerlike kânselier. Sa ferskynde de Peshitta op kosten fan keizer Karel V foar it earst yn druk by de Weenske printer Albert Widmanstadt.

[BIBEL. N.T. Iepenbiering. Polyglot.] Gelyānā ude-Yoḥanan qaddīsha, id est, Apocalypsis Sancti Iohannis. — Lugduni Batavorum : Ex Typ. Elzeviriana, 1627.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.