Krústocht
Ut Wikipedy
In krústocht is in oerweldigingstocht út namme fan it Kristlik leauwen.
Yn de de 11e ieu, 12e ieu en 13e ieu hat der in rige fan sokke militêre kampanjes west. It begûn as in besykjen fan de Kristenen om Moslims út de hillige stêd Jerusalim te ferdriuwen, mar al gau waarden it wiidweidige oarloggen tsjin oarsleauwenden, yn it hillige lân en omkriten, mar ek yn Jeropa.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Krústochten en Friezen
Oan de krústochten hawwen de Friezen entûsjast mei dien. Fan de earste tocht is it ûnbekend, mar by de twadde tocht tusken 1147 en 1149 sieten Friezen dy't meiholpen by de oermastering fan Lissabon op de Moaren. By de tredde (1189-1191) wienen sy belutsen by it belis fan Akko en yn 1197 loeken se op 'e nij rjochting it Hillige lân, diskear ûnder lieding fan biskop Hartwig fan Bremen.
[bewurkje seksje] De 5e Krústocht
Yn 1217 waarden de Friezen troch magister Olivier fan Keulen oproppen mei te dwaan. Fan dizze tocht is yn de kroniken fan Wittewierum in ferslach opnommen, dêr't de rol fan de Fryske dielnimmers dúdlik yn beskreaun wurdt. Op de hinnereis ûnderskaten de Friezen har fan oare dielnimmers troch harren dappere rol yn de striid dy't plak fûn foar it Spaanske plak Hairin, in bytsje noardlik fan Cadiz dat yn hannen wie fan de Sarasenen. Nei de oerwinning waarden de Friezen yn Rome feestlik begroete en troch de Paus goedwillich ûntfongen. Yn 'e maitiid fan 1218 kamen de Friezen úteinlik mei Hollanners en Ingelsen oan yn Akko en koe de krústocht begjinne.
De tocht dêr't tachtich Fryske skippen oan dielnamen en wêryn't ek pilgrims út Eastergoa sieten waard lykwols in grutte mislearring.
[bewurkje seksje] Oare tochten
Ek by de tochten dêrnei dienen Friezen mei. By de 6e tocht sette op 22 maaie 1227 in Fryske float ôf fan it eilân Borkum, dat in protte dielnimmers ferlear troch in stoarm. Yn 1251 frege de Frânske kening Lodewyk IX de Friezen om mei te dwaan en by de twadde troch dizze foarst organisearre tocht yn 1269 dienen mear as fyftich Fryske skippen mei. By dizze lêste tocht hellen de Friezen by Slach by Tunis in oerwinning op de Moaren.
[bewurkje seksje] Literatuerferwizing
- S.J. van der Molen, Oorsprong en geschiedenis van de Friezen, Amsterdam-1981, siden 117-127.

