Bibel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Gutenbergbibel, de earste printe Bibel.

De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat en inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel omfettet, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebrieusk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.

Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje.

De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde ieu. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebrieusk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende ieu. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de ieuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.

Namme

It wurd en de namme "bibel" komme fan it Aldgrykske τὰ βιβλία (tà biblía), wat "de boeken" betsjut. Dat wurd is it meartal fan biblion, wat oarspronklik brûkt waard as oantsjutting foar "papier", "geskrift", "boek(rôle)", al wie de oarspronklike betsjutting "lytse Byblos" of "lyts papyrus", mooglik ferneamd nei de stêd Byblos, dy't foar Grikelân de papyrusbast levere. Yn dy strekking fan "de boekrôlen", waard it wurd al foar it begjin fan 'e Westerske jiertelling troch hellenistyske joaden brûkt.

De Joadske Bibel

De namme foar de joadske Bibel is "Tenach". De yndieling dêrfan is sa:

  • de Torah (תּוֹרָה; "Leare" of "Wet")
  • de Neḇi'im (נְבִיאִים; "Profeten")
    • de Neḇi'im Rišonim (נביאים ראשונים; "Eardere Profeten")
    • de Neḇi'im Aḥaronim (נביאים אחרונים; "Lettere Profeten")
  • Ḵeṯuḇim (כְּתוּבִים; Geskriften)
    • Ruṯ (רוּת; Ruth)
    • Ṯehillim (תְהִלִּים; Psalmen)
    • Iyyoḇ (אִיּוֹב; Job)
    • Mišlei (מִשְלֵי; Spreuken)
    • Qoheleṯ (קהלת; Preker)
    • Šir HaŠirim (שִׁיר הַשׁשִׁירִים; Heechliet)
    • Eiḵah (איכה; Kleilieten)
    • Dani’el (דָּנִיֵּאל; Daniël)
    • Esṯer (אֶסְתֵר; Ester)
    • ͑Ezra (עזרא; Ezra) (Nehemia ynbegrepen)
    • Diḇrei ha-Yamim (דברי הימים; Kroniken)

De Kristlike Bibel

De Bibel fan Kristiaan III fan Denemark, de earste Deenske bibeloersetting. Printe yn Kopenhagen yn 1550.

De kristlike Bibel bestiet út twa dielen: it Alde en it Nije Testamint, beiden ûnderferdield yn in rige aparte boeken en geskriften dy't ûnderling tige ferskille kwa lingte en styl, en dy't net skreaun binne as parten fan 'e Bibel, mar neitiid gearstald binne ta de Bibel. Dêrby is in kar makke hokfoar boeken oft kanonyk binne, en dus al ta de Bibel hearre, en hokker oft apokryf binne en net ta de Bibel hearre. De mienings oangeande dy yndieling binne ferdield, en der besteane dan ek grutte ferskillen tusken de gearstalling fan 'e Bibels fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de ûnderskate protestantske, eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse denominaasjes. De measte bibelboeken binne skreaun yn proazafoarm, mar guon, lykas de Psalmen en it Heechliet, komme ûnder it kopke poëzij. De boeken fan 'e kristlike Bibel binne fierders ûnderferdield yn haadstikken (troch de trettjinde-ieuske aartsbiskop fan Canterbury Stephen Langton) en dy haadstikken wer yn fersen (troch de sechstjinde-ieuske Frânske printer Robert Estienne). Hjoed de dei wurde bibelsitaten oanhelle mei boek, haadstik en fers (bgl. Genesis 1:1-10).

It Alde Testamint

It Alde Testamint komt rûchwei oerien mei de joadske Tenach, al hat it in oare yndieling. It fertelt efterinoar oer it oanbegjin en de skepping fan 'e wrâld en de minske troch God, de sûndfloed, de aartsfaars, de Ballingskip yn Egypte, de weromkear fan 'e âlde Hebreeërs nei it Unthjitten Lân, de skiednis fan it keninkryk Israel en letter teffens fan it keninkryk Juda ûnder de rjochters en dêrnei de keningen, de ferrinnewearring fan dy beide keninkriken troch de Babyloaniërs en de Alde Assyriërs, de Babyloanyske Ballingskip en de weromkear fan 'e joaden út Babyloanje, en einiget mei de profesijen fan in hiele rige profeten.

Mei't ferskate streamings binnen it kristendom harren eigen ideeën hawwe oer hokker boeken al of net ta de Bibel rekkene wurde moatte, besteane der ferskillen tusken de Bibels dy't brûkt wurde troch de ûnderskate kristlike tsjerken. Dy ferskillen konsintrearje har yn it Alde Testamint. Yn guon protestantske streamings wurde sadwaande de boeken dy't dêr net ta de kanon rekkene wurde (de saneamde apokrife of deuterokanonike boeken) oan 'e ein fan it Alde Testamint opnommen as in nuttige taheakke, mar yn oare, strangere, denominaasjes wurdt dat wer beslist net dien.

Boeken fan it Alde Testamint

Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Alde Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978. (De tradysjonele ûnderferdieling yn Wet, Skiednis, Poëzij en Wiisheid, Grutte Profeten en Lytse Profeten is ûnoffisjeel en net yn hokfoar bibel ek werom te finen.)

Yn 'e kanon fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke folgje de boeken Tobit en Judit fuort nei Nehemia, wylst Ester (Gryksk) oan Ester tafoege is. Nei Ester komme 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs en nei it Heechliet folgje de Wysheid fan Salomo en Jezus Sirach. Barûch (it Brief fan Jeremia ynbegrepen) stiet tusken Kleilieten en Ezechiël yn; Azarja (of It Liet fan Azarja) foarmet in passaazje fan it boek Daniël (nei Daniël 3:23); en Suzanne en Bel en de Draak binne oan Daniël tafoege as de beide lêste haadstikken.

De Anglikaanske Tsjerke makket yn 'e liturgy gebrûk fan 'e deuterokanonike boeken. Sadwaande befetsje anglikaanske Bibels in taheakke oan it Alde Testamint mei dêryn alle apokrife boeken dy't ek yn 'e Fryske bibeloersetting steane, en dêropta noch 1 Esdras, 2 Esdras en it Gebed fan Manasse.

De Gryksk-Otterdokse Tsjerke en de Russysk-Otterdokse Tsjerke erkenne alle boeken fan 'e protestantske kanon en de boppeneamde roomske tafoegings, en dêropta ek noch 3 Makkabeeërs, 1 Esdras, it Gebed fan Manasse en Psalm 151. Mei de Georgysk-Otterdokse Tsjerke erkent de Russysk-Otterdokse Tsjerke fierders teffens 2 Esdras. It boek 4 Makkabeeërs wurdt inkeld as kanonyk erkend troch de Georgysk-Otterdokse Tsjerke, al wurdt it yn 'e Gryksk-otterdokse Bibel wol as apokrife taheakke ôfdrukt.

Ta de kanon fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke hearre Psalm 151, de Psalmen 152-155, de Iepenbiering fan Barûch en 2 Barûch (ek wol bekend as it Brief fan Barûch). De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke erkent û.m. de boeken Jubileeën, Henoch en 1, 2 en 3 Meqabyan (net te betiizjen mei 1, 2 en 3 Makkabeeërs).

It Nije Testamint

It Nije Testamint is in lettere kristlike tafoeging oan 'e Bibel, besteande út 'e fjouwer kanonike evangeeljes, dy't fertelle oer it libben en hanneljen fan 'e kristlike ferlosser Jezus Kristus; de Hannelingen fan 'e Apostels, wêryn't de skiednis fan 'e iere kristenen fêstlein is; 21 brieven (14 fan Paulus, 3 fan Jehannes, 2 fan Petrus en 1 elkmis fan Jakobus en Judas); en de Iepenbiering, dy't de ein fan 'e tiden foarseit.

Boeken fan it Nije Testamint

Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Nije Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978.

Dêrûnder binne fjouwer boeken dy't troch Marten Luther net as kanonyk beskôge waarden. Dat binne it Brief oan de Hebreeërs, it Brief fan Jakobus, it Brief fan Judas en de Iepenbiering fan Jehannes. Dy bibelboeken, dy't neffens de lutherske tsjerken dus apokryf binne, wurde ornaris wol opnommen yn 'e lutherske Bibel, mar dêr steane se byinoar yn in taheakke efter alle oare boeken fan it Nije Testamint.

De protestantske tsjerken, de Roomsk-Katolike Tsjerke, de eastersk-otterdokse tradysje en ferskate oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Syrysk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke) hâlde allegearre harren eigen oardering fan 'e boeken fan it Nije Testamint oan.

Yn it Nije Testamint binne net opnommen û.m. de folgjende boeken:

Aldste teksten en oerlevering

Diel fan de Jesajarol, ien fan de âldste en bêst bewarre Bibelhânskriften. De tekst is om it jier 180 f. Kr. skreaun.

Bibelske hânskriften út de Aldheid binne oerlevere op papyrus- of lederrôlen, en binne skreaun mei in inket op koalstof-basis. De lingte fan de rôlen wie beheind om't de rôlen oars net te hantearjen wienen. De âldst bewarre komplete rol fan in Bibelsk hânskrift is ien fan de Deade-Seerôlen, de 7,34 meter lange lederen Jesajarôl dy't om it jier 180. f. Kr. hinne skreaun wurden wie. Fan oare boeken fan de Joadske Bibel út dy tiid binne talrike fragminten bewarre bleaun. Dielen fan de Hebrieuske Bibel waarden om it jier 250 f. Kr. hinne yn Aleksandrje yn de Grykske ferkearstaal Koiné oerset, in folsleine oersetting dêrfan wie om it jier 100 n. Kr. klear. De útwreiding fan it kristendom droech tige by oan it bewarjen fan de Grykskse Bibeloersetting mei de namme Septuaginta. De âldst folslein oerlevere Bibelteksten, mei it hiele Nije Testamint, binne de Codex Sinaiticus en de Codex Vaticanus út de fjirde ieu. Yn de fyfte ieu folget de Codex Alexandrinus.

Yn de earste ieu nei Kristus ûntstie mei de kodeks in manier om langere hânskriften fêst te lizzen yn boekfoarm. De siden yn sa'n boek koenen likegoed fan papyrus of perkamint makke wêze. Resten fan papyruskodeksen mei Grykske teksten út it Alde en Nije Testamint stamje út de twadde en tredde ieu. It âldst bekende fragmint fan it Nije Testamint is de Papyrus 52 of Johannesfragmint mei in tekst út it Evangeelje fan Jehannes dat om it jier 125 ûntstien is. Fan it Nije Testamint binne noch gjin teksten fûn dy't op rôlen oerlevere wienen. Mei de ein fan de kanonisaasje fan de Tenach om it jier 135 hinne kaam ek de needsaak fan in unifoarme ferzje en fokalisaasje fan it Hebrieuske konsonanteskrift. Dêrmei begûn it tûzenjierrige wurk fan de Masoreten. It resultaat fan harren wurk waard brûkt foar de earste komplete Hebrieuske Bibelhânskrift fan de midsieuwen, publisearre yn 1008 mei de namme Codex Leningradensis (ek wol Codex Petropolitanus). Sûnt de Renêssânse wurdt de Hebrieuske ferzje fan de Tenach brûkt as boarne foar oersettingen.

Troch de fynst fan Bibelfragminten yn de geniza fan Kaïro om 1850 hinne, en benammen de Deade-Seerôlen (1947-1956 en 1961), waard de oanname fan in unifoarme Hebrieuske „oertekst“ foar in diel ûnderút helle. Foar en nei de kanonisaasje wienen der ferskillende tekstfarianten dy't parallel neist elkoar bestienen, bygelyks de Septuaginta neist de Samaritaanske Pentateuch (fjirde ieu f. Kr.). Lykwols befêstigje de nije fynsten de grutte oerienkomsten tusken de Masoretyske ferzjes en de âldere Hebrieuske Bibelteksten. De ferskillen komme nei alle gedachten fan de talrike skriuwers en redaktoaren dy't oan de oerlevering fan de Bibel meiwurken. De ienheidsferzje fan de Masoreten kaam lykwols oan 'e ein fan dat lange proses, net oan it begjin fan dy tradysje.

Ynfloed en fersprieding

Nei de fal fan it Romeinske Ryk wreide it kristendom him fluch út oer Jeropa. Yn 'e Midsieuwen kaam frijwol hiele Jeropa ta de kristlike wrâld te hearren, en krong it kristendom troch yn elts faset fan 'e Westerske maatskippij en it deistich bestean fan 'e minsken. Oan 'e Ferljochting ta wie de ynfloed fan 'e Bibel op religieus mêd fan grut belang, wylst dy ek yn 'e taal, wetjouwing, keunst, filosofy en op oare terreinen dúdlik te merkbiten wie. Troch de dominante posysje dy't Jeropa yn 'e twadde helte fan it twadde milennium yn 'e wrâld krige, wreide de ynfloed fan 'e Bibel him ek oant bûten de Westerske wrâld út.

Mei de Ferljochting, de skieding fan tsjerke en steat en de wittenskiplike revolúsje yn Jeropa en Noard-Amearika belune de ynfloed op it iepenbiere libben fan it kristendom en sadwaande ek dy fan 'e Bibel. Yn 'e lêste ieuwen is it tal minsken ôfnommen dat oan 'e godlike oarsprong fan 'e Bibel leaut. Troch de sekularisaasje fan de Westerske wrâld is de Bibel as paadwizer foar religieuze en etyske fragen foar in protte lju net mear fan belang. Yn oare dielen fan 'e wrâld, bygelyks East-Aazje, Latynsk-Amearika en Afrika, wurdt de belangstelling foar de Bibel troch grutskalige bekearingen krekt grutter.

Foar somlike wittenskippers, de saneamde kreäsjonisten, is de Bibel sawol histoarysk as natuerwittenskiplik korrekt. De measten sjogge yn 'e Bibel lykwols net folle mear as in ynteressant kultureel, literêr en religieus dokumint. De Bibel wurdt oer it generaal beskôge as it bêst ferkochte boek fan alle tiden. Neffens rûzingen wurde der elk jier sa’n 100 miljoen Bibels printe.[1][2] De folsleine Bibel is yn 475 talen oerset, dielen fan 'e Hillige Skrift binne yn mar leafst 2.538 talen te lêzen.[3][4]

Oan 'e fersprieding fan 'e Bibel en syn boadskip hawwe ek de printebibels tige bydroegen. Yn printebibels steane plaatsjes dy't de bibelske ferhalen fertsjutskje moatte, soms mei in lyts stikje tekst as útlis. Der binne hiele boekwurken mei printen, of losse printen dy't mei-inoar it ferhaal fan 'e Bibel of in diel derfan fertelle. Dy wiene oarspronklik ornearre foar ûngeletterden of ûnwittenden, wat de reden is dat se ek wol de "boeken fan de leken" neamd waarden, of yn it Latyn biblia pauperum (earmebibel). De printebibels wiene foaral fan 'e sechstjinde oant en mei de njoggentjinde ieu tige populêr. Foar bern binne der, benammen sûnt de midden fan 'e tweintichste ieu, aparte bernebibels. Sokke printebibels of bernebibels moasten helpe om in religieus fûnemint te lizzen, en teffens waarden se brûkt foar kategisaasje.

Fryske oersetting

Hoewol't it ferfryskjen fan 'e Bibel al yn 'e Midsieuwen úteinsette mei fragmintaryske oersettings yn 'e Aldfryske rjochtsteksten (benammentlik fan Ex. 20:1-17, de Tsien Geboaden, en Mt. 6:9-13, it Us Heit), en yn 'e santjinde ieu fierder gie mei Gysbert Japiks, dy't in fyftichtal Frysktalige psalmeberimings makke, hat it Frysk yn ferliking mei omwenjende folken dochs frij let syn bibeloersetting krigen. Dêrmei waard yn 'e njoggentjinde ieu úteinsetten, doe't der ferskillende evangeeljes yn it Frysk ferskynden. It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn 1933, en de earste folsleine bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, yn 1943, as in útjefte fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn opdracht fan it Kristlik Frysk Selskip.

Yn 1966 rekke dy earste Fryske Bibel útferkocht, mar men fûn it doe net daliks ferantwurde of gaadlik om ienfâldichwei in nije printinge te publisearjen. Der wie ntl. beswier út sawol teologyske as taalkundige hoeke tsjin 'e oersetting Wumkes-Folkertsma. Teologysk sjoen wie men fan tinken dat dy tefolle stipe op 'e Nederlânske Steatefertaling fan 1637 en te min omtinken joech oan it nije begryp fan 'e grûntekst dat sûnt dy tiid ûntstien wie. Yn taalkundich opsjoch waard de taal fan 'e earste oersetting nei fiifentweintich jier al te âldfrinzich fûn en ek wied er op plakken ûndúdlik of sels ûnbegryplik. Boppedat woe men behalven de protestantske tsjerken diskear ek de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e oersetting behelje. Sadwaande waard besletten ta in folslein nije fertaling ûnder de ferantwurdlikheid fan 'e Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting. Oan 'e nije oersetting wurken sokke grutte nammen mei as Ype Poortinga, Douwe Tamminga, Fedde Schurer, Ulbe van Houten, Paulus Akkerman en dû. Bernard Smilde. Mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel waard it wurk foltôge en kaam yn 1978 de Nije Fryske Bibeloersetting út. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995.

Oare nijsgjirrige oersettings

It Nije Testamint en de Psalmen yn it Sealterfrysk.

Oare oersettings yn 'e oare talen en dialekten fan 'e Fryske lannen

  • Flag of East Frisia.svg Eastfrysk-Nederdútske oersetting: Dat Näi Testament in dat Ostfräske Plattdüts Öferset't von O. Boekhoff (fert. Oldig Boekhoff, 1915)
  • Nordfriesischeflagge.svg Noardfryske oersettings:
    • Dat Nii Testament en di Psalme (Sölring; fert. Peter Michael Clemens (1804-1870), reekommen yn 1870 mar nea útjûn)[5][6]
    • Dåt Evangelium fon Markus aw Mauringer-Frasch Auerset (Mooring; fert. Alfred Boysen, 1954)
    • Dåt Evangelium fon Mattäus aw Mauringer-Frasch Auerset (Mooring; fert. Alfred Boysen, 1955)
    • Di Fjuur Evangelien – Matthäus, Markus, Lukas, Johannes: üt dit Nii Testament (Sölring; fert. Johann Frank, 2006)
  • Flagge fan Molkwar nw.gif Molkwarder oersetting: Mattheüs 6 (fert. Everwinus Wassenbergh, 1802; yn: Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen tongval I)
  • Saterland flag.png Sealterfryske oersetting: Dät Näie Tästamänt un do Psoolme in ju aasterlauwersfräiske Uurtoal fon dät Seelterlound, Fräislound, Butjoarlound, Aastfräislound un do Groninger Umelounde (fert. dr. Marron Fort, Oldenburg, 2003, ISBN 3 81 42 06 924)
  • Flag of Schiermonnikoog.svg Skiermûntseagerske oersettings:
    • Ut it Wes (Gen. 22:1-19, it hiele boek Ruth, Ps. 23, 25, 27 en 42, Jes. 53, Mt. 5 o/m 7, Luk. 2:1-23 en 15:11-32 en Jeh. 20:11-18; fert. D. Fokkema sr., 1959)
    • It Evangeelje fan Mattheüs yn it Schiermonnikoogs (yn twa dielen; fert. D. Fokkema sr., 1960/1961)
  • Kreis Nordfriesland flag.svg Sleeswyksk-Nederdútske oersettings:
    • Dat Ole un dat Nie Testament in unse Moderspraak (fert. Johannes Jessen, 1937)
    • Dat Niee Testament: Plattdüütsch (fert. Rudolf Muuß, 1975)

Oare oersettings yn Nederlân

By de Synoade fan Doardt waard yn 1618 frege oan 'e Steaten-Generaal om 'e oersetting fan in Nederlânske bibel út 'e oarspronklike talen wei te bekostjen. De út dat fersyk fuortkommen Steatefertaling waard útjûn yn 1637 en hat ûnder mear bydroegen oan 'e tastânkomming fan it Standertnederlânsk en it yn it neigean reitsjen fan 'e ûnderskate dialekten en minderheidstalen yn Nederlân.[7]

Folsleine bibeloersettings

Oersettings fan it hiele Nije Testamint

  • Flag Drenthe.svg Drintske oersetting: Neie Testament in het Drents (fert. Max Douwes, 2010)

Fragmintaryske oersettings

  • Flag of Doetinchem.svg Achterhoekske oersetting: wurdt oan wurke; publisearre binne oant no ta de boeken Evangelie naor Lucas in 't Achterhoeks (2002) en Prediker & Het Mooiste Leed (Preker en it Heechliet yn ien bân; 2004)
  • NL-LimburgVlag.svg Limboarchske oersettings:
    • Venlo vlag.svg Finlooske oersetting: 't Gooje Nièts van Marcus (fert. F. Aerts-Libois, 2001)
    • Sittard-Geleen Netherlands.svg Sittardske oersetting: De Lihmburgse Biehbel (allinne de 4 kanonike evangeeljes, fert. Jo Bronneberg, 2004)
  • Flag of Zeeland.svg Sieuske oersetting: wurdt oan wurke; oant no ta ferskynden û.m. de Psalmen in 't Zeêuws (fert. Wim Joosse, 2000)
  • Bunschoten vlag.svg Spakenburchske oersetting: wurdt oan wurke
  • Urk vlag.svg Urkske oersetting: wurdt oan wurke; oant no ta binne de Psalmen, Job en Jona útjûn

Ferliking

Bibelfers Nije Fryske Bibeloersetting Biebel in t Grunnegers Biebel in de Twentse Sproake
Exodus 20:12-15 Earje dyn heit en mem, datst lang libje meist op ’e grûn dy’t de Heare, dyn God, dy jout. Do meist net deaslaan. Do meist net troubrekke. Do meist net stelle. Hol joen voader en moeke hoog in eren, den zel ie n laank levent hebben in t laand dat de HEER, joen God, joe geven zel. Ie maggen gainent doodmoaken. Ie maggen t nait aanleggen mit man of vraauw van n aander. Ie maggen nait stelen. Hoaldt diene vaar en moder in ere, want dan leaf iej langer in ’t land dat HEE owwen God, ow geaven zal. Doodsloan, dat doo’j nich. ’n Echt brekken, dat doo-j nich. Stellen, dat doo-j nich.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes

  1. Guinness World Records: Best selling book of non-fiction
  2. The Economist The battle of the books
  3. [tt_news=185869&cHash=fbe9f9277151054eb93b6ced0b10100c] Bibel-Report: Vollständige Heilige Schrift nun in 475 Sprachen übersetzt (publisearre 14 july 2012, sjoen op 24 july 2014)
  4. Sprachen der Bibel (neffens sifers fan it UBS Scripture Language Report 2010)
  5. Webside Nordfriisk Instituut: Zur Entwicklung der nordfriesischen Literatur
  6. Brouwer, H., Waalke van Borssum Waalkes (1816-1866) en Syn Oersetting fan it Evangeelje fan Markus, Ljouwert, 1997 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 449.
  7. It Nijs: De Statenvertaling in symboal fan ienheid?

boarnen

  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes |
3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus