Ezechiël (bibelboek)

Ut Wikipedy
Ezechiël
algemiene gegevens
oarspr. titel יחזקאל ("Yeḥezq'el")
auteur Ezechiël e.o.
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 593571 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Kleilieten
● folgjend diel Daniël
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ezechiël
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Ezechiël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יחזקאל, Yěḥezq'el, is in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Ezechiël it 12de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 26ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten. Yn it boek Ezechiël binne de fizioenen fan 'e preester en profeet Ezechiël, út 'e sechsde iuw f.Kr., fêstlein. Neffens it boek ûndergie de profeet, dy't as balling yn Babyloanje tahold, sân ûnderskate fizioenen, ferspraat oer de 22 jier fan 593 oant 571 f.Kr., in snuorje dêr't de ferwuostging fan Jeruzalim en de joadske Timpel, yn 586 f.Kr., middenyn falt. De measte moderne bibelwittenskippers akseptearje de autentisiteit fan Ezechiël as in ferslach fan syn eigen fizioenen skreaun troch de profeet Ezechiël, al stelle se dêrby fêst dat der letter frij mânske bewurkings en oanfollings oan it boek tafoege binne. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ezechiël stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

It Yad Vashem-tinkteken, te Jeruzalim, foar slachtoffers fan 'e Holokaust. (De tekst is Ezech. 37:14. "Ik sil jimme Myn Geast ynjaan en jim sille libje; Ik set jim wer op jim eigen grûn; dan sille jimme witte dat Ik, de Heare, doch wat Ik sis — is de godsspraak fan de Heare.")

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fizioenen en it boek Ezechiël as gehiel hawwe trije haadtema's. Yn it foarste plak it oardiel oer it folk fan Israel (Ezech. 1-24); oard it oardiel oer de naasjes, oftewol de buorfolken fan 'e Joaden (Ezech. 25-30) en trêd de takomstige seinigings foar Israel (Ezech. 33-48). Ezechiël iepenet mei in fizioen fan God, wêryn't dy Ezechiël beneamt ta syn profeet. Dêrnei folgje fizioenen dy't foarútwize nei de ferwuostging fan Jeruzalim en de Timpel, en wurdt dat as straf fan God útlein foar de dôfhûdigens fan 'e Joaden, dy't harren ferbûn mei God ferbrutsen hawwe troch oare goaden te tsjinjen. Dêrnjonken wurdt ek de ferdylging fan 'e folken foarsein dy't de Israeliten sa lang dwerseide hawwe: de Ammoniten, de Moäbiten, de Edomiten, de Filistinen, Egypte en de Fenisyske stêdsteaten Tyrus en Sidon. It boek beslút mei it ûnthjit dat de ballingskip ta in ein komme sil en dat der in nije Timpel opboud wurde sil, dêr't de Joadske ballingen ta gearkomme sille om seinigings te ûntfangen lykas nea tefoaren.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. it hiele haadstik Ezech. 2 en oersettingsfragminten fan eigen hân fan Ezech. 3:1-3 en 13:10-16 út. De earste folsleine útjefte fan Ezechiël stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Ezechiël waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering