Steatefertaling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In earste printinge fan de Steate-oersetting út 1637 mei in stedsgesicht op Leien. (Ut de kolleksje fan it NBG

De Steate-oersetting (offisjeel Steatefertaling of Steatebibel) is de earste offisjele Nederlânsk(Hollânsk)talige oersetting fan 'e Bibel, streekrjocht út it oarspronkelike Gryksk en Hebrieusk. De opdracht fan de oersetting waard yn 1618 jûn op de Synoade fan Dordrecht; De Steaten-ginneraal waard frege de oersetting te beteljen.

Oant dan ta waard gebrûk makke fan ferskate Bibeloersettingen, sa as dy fan Maarten Luther. Dy wie lykwols yn it Heechdútsk en wie boppedat in luterske ynterpretaasje. Der wienen al earder bibels yn it Nederlânsk ferskynd, mar dat wienen oersettingen fan oersettingen. De synoade fûn it nedich dat der in goede, eigen ferzje út de grûntekst wei oerset kaam, nei it foarbyld fan de Ingelske Authorized Version (King James Version, 1611). Foar benei it hiele Alde Testamint is dat it Hebrieusk en foar it Nije Testamint it Koinè.

De Steaten-Generaal koenen earst yn 1626 ynstimme mei it fersyk fan de synoade, wêrnei't de oersetters los koenen. It oersetten barde yn Leien. Yn 1635 wie de Steate-oersetting klear en yn 1637 waard se troch de Steaten autorisearre. De stêd Leien betelle 2500 gûne foar it oktroai op it printsjen fan de bibel yn Leien. Tusken 1637 en 1657 waarden in heal miljoen eksemplaren drukt. Ek no noch hat de Steate-oersetting in soad gesach yn guon ortodokse protestantske tsjerken.

Njonken religieuske betsjutting, hat de Steatebibel ek taalkundich en polityk fan grut belang west. De taal fan de Steatebibel foarmet mei de grûnslach foar it Standertnederlânsk en hat teffens in ynstrumint fan belang yn de kultuerele ienwurding fan Nederlân west.

It boarnemateriaal dêr't de Steate-oersetting (en de King James-ferzje) op basearre is bestiet, wat it Nije Testamint oanbelanget, út de saneamde Textus receptus dy't oerienkomt mei in werjefte sa't dy gearstald is troch Erasmus en foar it Alde Testamint út de saneamde Masoretyske tekst. Mear moderne oersettingen basearje har langer op de Nestle-Aland-edysje fan it Grykske Nije Testamint, dy't basearre is op sûnttiids ûntdutsen Bibelske hânskriften en op oare boarnen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]