Oarlochsrôle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Oarlochsrôle, ien fan 'e Deade-Seerôlen (1QM).

De Oarlochsrôle of de Oarlochsregel, eins titele De Oarloch fan de Soannen fan it Ljocht tsjin de Soannen fan it Tsjuster, is in sektaryske joadske tekst dy't yn 'e midden fan 'e tweintichste ieu te Qumran, yn it Westjordaanlân, ûntdutsen waard as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de Deade-Seerôlen. It is in soarte fan hânlieding foar militêre organisaasje en strategy, dy't oantroffen waard yn Grot 1 en 4 te Qumran, yn it besit kaam fan 'e Hebrieuske Universiteit fan Jeruzalim en publisearre waard yn 1955, troch de Israelyske ûndersiker Eleazar Sukenik. It dokumint bestiet út ferskate boekrôlen en fragminten, mei as wichtichsten 1QM en 4Q491-497.

Datearring[bewurkje seksje | edit source]

It is net alhiel dúdlik wannear't de Oarlochsrôle datearre wurde moat, mar neffens saakkundigen komme twa histoaryske perioaden dêrfoar yn oanmerking, te witten: de Seleusidyske Tiid en de Romeinske Tiid. As de tekst datearret út 'e Seleusidyske Tiid, sil it foar 't neist skreaun wêze om 165 f.Kr. hinne, ûnder de Makkabeeske Opstân, of mooglik letter ûnder it regear fan 'e Hasmoneeske dynasty yn Judeä, om 143 f Kr. hinne of nei 135 f. Kr. De ûndersikers dy't fan betinken binne dat it dokumint út 'e Romeinske perioade datearret (en dat is in minderheid), pleatse it yn 'e regel tusken de ferovering fan Jeruzalim troch de Romeinske generaal Pompejus, yn 65 f.Kr., en de dea fan 'e Judeeske kening Heroades de Grutte, yn 4 f.Kr. Ferskate saakkundigen op it mêd fan militêr wapentúch hawwe koartby lykwols de Seleusidyske teory befêstige, mei't se de Oarlochsrôle op grûn fan 'e wapens dy't deryn beskreaun wurde, yn 'e twadde ieu f. Kr. pleatse.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De langste foarm fan 'e Oarlochsrôle, 1QM, bestiet út 19 kolommen, en fan elkmis fan dy kolommen binne de earste fjirtjin oant njoggentjin regels oerlevere; it ûnderste part fan 'e boekrôle is sa skansearre dat it ûnlêsber is. Lykwols sketst de tekst fan it begjin fan 'e kolommen in aardich byld fan wêr't de Oarlochsrôle oer giet. Kolom i sommet yn it koart de oarloch tusken de "Soannen fan it Ljocht" en de "Soannen fan it Tsjuster" op. Kolommen ii-ix jouwe in wiidweidiger oersjoch fan 'e striid, dy't fjirtich jier duorre. Dêrfan geane kolommen iii en iv frijwol útslutend oer banieren, bazunen, spearen, pylken en oar wapentúch. Yn 'e kolommen x-xiv komme liturgyske saken op 't aljemint. En de kolommen xv-xix beskriuwe in fjildslach yn sân dielen tusken it Ljocht en it Tsjuster, wêrby't de legers oanfierd wurde troch preesters. Einlings oerwint it Ljocht troch godlike tuskenkomst. In protte saakkundigen fine dat de tekst abrupt einiget, en miene dat der oarspronklik mear kolommen west hawwe moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus