Evangeelje fan Judas

Ut Wikipedy
Evangeelje fan Judas
Earste side fan it iene oerlevere manuskript fan it Evangeelje fan Judas.
Earste side fan it iene oerlevere manuskript fan it Evangeelje fan Judas.
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e iuw

It Evangeelje fan Judas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e gnostyske evangeeljes, en moat nei alle gedachten datearre wurde yn 'e twadde iuw. It hat de foarm fan in samling petearen tusken Jezus fan Nazaret en Judas Iskariot, de dissipel dy't him neffens de kanonike evangeeljes ferrette. It is lykwols in pseudepigrafysk geskrift, want om't it twadde-iuwske teologyske ideeën befettet, kin Judas it sels nea skreaun hawwe. De ierste ferwizing dernei wurdt foarme troch in dokumint fan 'e hân fan 'e ier-kristlike teolooch Irenaeus, út it jier 180, wêryn't dy in wiere tirade hâldt tsjin it gnostyske gedachteguod fan it Evangeelje fan Judas. It iennichste oerlevere manuskript fan dizze tekst is yn it Koptysk.

Manuskript[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Evangeelje fan Judas waard as ferlern gien beskôge, oant der yn 1983 in slim skansearre Koptysk hânskrift fan boppe wetter kaam op 'e swarte antykmerk fan Sjenêve, mank in espel oare Koptyske en Grykske manuskripten dy't te keap oanbean waard oan 'e Amerikaanske heechlearaar Stephen Emmel. Wêr't dat hânskrift wei kaam, is net mear persiis te efterheljen, mar men giet derfan út dat it yn 'e twadde helte fan 'e santiger jierren fûn waard troch in Egyptyske "skatjager" by El Minya, yn Egypte, deunby it doarpke Beni Masar. De skatjager ferkocht it oan in Hanna, in antykkeapman yn Kaïro, waans hiele ynboel oft oan 'e ein fan jierren santich stellen waard troch Nikolas Koutoulakis, in Grykske antykhannelder, dy't it manuskript nei Sjenêve ta slûke. Dêr kocht Hanna, yn gearwurking mei Switserske antykkeaplju, it fan him werom foar 3 oant 10 miljoen dollar. Dêrnei waard it foar hege prizen te keap oanbean oan bibleteken, ûndersyksynstituten en museä. Yn 2003 waard it ta einbeslút kocht troch de Maecenas Stifting yn Basel, wêrnei't einlings en te'n lêsten ûndersikers deroer gear koene.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn tsjinstelling ta de kanonike evangeeljes, wêryn't Judas Iskariot ôfskildere wurdt as de ferrieder fan Jezus Kristus, wol it Evangeelje fan Judas hawwe dat er yn opdracht fan Jezus sels hannele. De tekst suggerearret dat Jezus de keatling fan foarfallen dy't ta syn krusiging laten, eigenhandich yn gong sette. Hjirmei wurdt it evangeelje yn oerienstimming brocht mei de gnostyske opfetting dat it minsklike lichem in finzenis foarmet; dus sa besjoen holp Judas Jezus om oan syn tichthûs te ûntkommen. It Evangeelje fan Judas hâldt fierders út dat Jezus inkeld oan Judas Iskariot it wiere evangeelje learde, wylst de oare dissipels yn misbegryp troch it tsjuster stommelen. It wol hawwe dat der twa soarten minsken binne: dyjingen mei in ûnstjerlike siel, lykas Judas, foar wa't it minsklik bestean in finzenskip is mei't se eins yn it ivige ryk thúshearre; en de oaren, it grutste part fan 'e minskheid, dy't stjerlik binne en sadwaande ôfsnien fan 'e ferlossing.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus